Thor is in Amerikaanske superheldefilm út 2011 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Natalie Portman. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de Germaanske god Tonger (Noardgermaansk: Thor), mar dan yn 'e ferzje fan Marvel Comics. It ferhaal folget de god Thor, dy't út balstjurrigens en ûnberettens in belune oarloch wer oplôgje lit, wêrnei't er troch syn heit Odin fan syn krêften ûntdien en nei de Ierde ferballe wurdt. Wylst syn broer Loki yntrigearret om op 'e troan fan Asgard te kommen, moetet Thor yn Nij-Meksiko de minsklike astrofysika Jane Foster. Thor krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive oant tuskenbeiden resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 1 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Iron Man 2. De folgjende film fan 'e rige is Captain America: The First Avenger, dat itselde jiers útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor is Thor: The Dark World, út 2013.

Plot Yn in fier ferline ferslacht Odin, de kening fan Asgard, de iisreuzen fan Jötunheim by in treffen yn it Noarske Tønsberg, om foar te kommen dat se de Njoggen Riken feroverje sille, begjinnend mei de Ierde. Hy nimt harren it Kistke fan Alâlde Winters ôf, dat de boarne fan harren macht is.

Yn 'e hjoeddeistige tiid risselwearret Thor, de soan fan Odin, om syn heit op te folgjen as kening. Syn kroaning wurdt lykwols fersteurd as in trijetal iisreuzen op 'e iene of oare mysterieuze manear Asgard binnenkringe en besykje om it Kistke fan Alâlde Winters werom te stellen. As it alaarm ôfgiet, deadet de Ferneatiger, in skynber ûnferwoastbere kriichsrobot, de iisreuzen lykwols op befel fan Odin. Dyselde wol dit skeinen fan 'e wapenstilstân mei de iisreuzen troch de fingers sjen, mar de opljeppende en balstjurrige Thor is it dêr net mei iens. Hy wol Laufey, de kening fan Jötunheim, ta ferantwurding roppe.

Dêrta reizget er nei de planeet Jötunheim ta yn it selskip fan syn broer Loki en syn freonen, de kriichster Sif en de Trije Krigers, Volstagg, Fandral en Hogun. Op Jötunheim lit Thor him op ûnberette wize troch de minachtsjende wurden fan Laufey út 'e tinte lokje en ferliede om in gefjocht te begjinnen. Fandral rekket dêrby ferwûne troch in swurdstek, wylst Volstagg in brânwûne fan kjeld oprint as ien fan 'e iisreuzen him by de earm kriget. As Loki lykwols troch in iisreus beetpakt wurdt, komt him dêr neat fan oer. Uteinlik wurde Thor en de oaren besingele troch in grutte kliber iisreuzen. It sjocht der net bêst foar harren út, oant Odin ferskynt, dy't oer Thor syn plannen warskôge is troch in tsjinner dy't Loki stjoerd hie. Hy besiket de wapenstilstân te rêden, mar nei wat Thor dien hat, wol Laufey dêr neat mear fan witte.

Odin rêdt Thor-en-dy en nimt harren mei werom nei Asgard. Dêre oankommen is Thor alderminst beroufol oer syn dieden. Ynstee stiet er der by Odin op oan om 'e iisreuzen foar ienris en foar altyd te ferdylgjen. Hy ferget syn heit oan it uterste ta, oant dy him tabyt dat er dúdlik noch net ree is foar it keningskip. Odin ûntnimt Thor dan syn godlike krêften en ferballet him as in stjerling nei de Ierde. Hy stjoert Thor syn magyske hammer Mjölnir der efteroan, nei't er dêr in betsjoening oer lein hat dat inkeld immen dy't weardich is, it wapen optille kin.

Thor bedarret yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko, dêr't astrofysika Jane Foster, har assistinte Darcy Lewis en har mentor dr. Erik Selvig krekt in apart astronomysk ferskynsel ûndersykje dat it iepenjen is fan Bifröst, de Reinbôgebrêge, dy't de bewenners fan Asgard tagong jout ta de oare wrâlden fan 'e Njoggen Riken. De hommelse ferskining fan Thor liedt derta dat Jane him oanriidt. As er him agressyf foar harren oer hâldt en draacht, wurdt er troch Darcy mei in stroomstjitwapen útskeakele. It trio bringt him nei it pleatslike sikehûs, dêr't er slaanderij kriget mei it personiel as er fynt dat se him mei te min earbied behannelje. Underwilens komt Mjölnir yn deselde woastyn del, dêr't it wapen in mânske krater slacht. It wurdt ûntdutsen troch de pleatslike befolking, en rûnomwei komme lju om te besykjen de hammer fan syn plak te tillen, mar nimmen dy't dat oprêdt.

Al rillegau kriget de mysterieuze oerheidsynstelling S.H.I.E.L.D. lucht fan 'e saak; spesjaal agint Phil Coulson ferskynt op it toaniel en lit de krater ôfsette om it nuvere artefakt te ûndersykjen. Hy lit ek alle gegevens fan Jane en dr. Selvig yn beslach nimme oangeande it wjirmgat (Bifröst) dat Thor op 'e Ierde brocht hat. Om't Thor dúdlik by it spul belutsen is, wol Jane him yn it sikehûs opsykje om him te ûnderfreegjen, mar Thor is krekt útbrutsen en útnaaid, en op it parkearterrein riidt se him by fersin jitris oan. Om it goed te meitsjen, jout se him de klean dy't in eardere frijer by har efterlitten hat en nimt se him letter mei nei in kafetaria foar iten en drinken. Dêr heart Thor oer de oanwêzigens fan Mjölnir, en hy is daliks wisberet om 'e hammer op te heljen, mei't er mient dat it wapen him syn godlike krêften weromjaan sil.

Yn Asgard konfrontearret Loki syn heit Odin mei it feit dat de kjeld fan 'e iisreuzen gjin fet op him hat. Odin is twongen om ta te jaan dat er oan 'e ein fan 'e oarloch yn in timpel op Jötunheim in poppe oantrof dy't dêr efterlitten wie. It wie de soan fan Laufey, en Odin naam it jonkje mei werom nei Asgard om it dêr grut te bringen, mei it idee dat er skielk, as er folwoeksen wurden wie, de kleau tusken goaden en iisreuzen tichtsje kinne soe. Loki is skokt as er foar it ferstân kriget dat hy dy poppe wie en dat er dêrom de soan fan Laufey is. Hy komt Odin tenei mei ferwiten oant de wurge âldman yn in djippe 'Odinssliep' falt, in soarte fan regeneratyf koma. Loki syn mem (of pleechmem, sa wit er no), Frigga, seit dat se der net wis fan is oft Odin diskear wol wer wekker wurde sil. As iennichst oerbleaune soan fan Odin, waans komôf inkeld oan Odin en Frigga bekend is, komt Loki as regint op 'e troan fan Asgard.

Nettsjinsteande it feit dat Selvig en Darcy it har ûntriede, stimt Jane der úteinlik mei yn om Thor nei it plak te bringen dêr't Mjölnir delkommen is. Dêr fjochtet er him in paad troch in legerke aginten fan S.H.I.E.L.D., mar as er úteinlik de hammer berikt, blykt ta syn alteraasje dat er it wapen net optille kin. Neitiid wurdt er finzen nommen en ûnderfrege troch Coulson. Op oantrúnjen fan Jane giet Selvig nei Coulson ta en hinget in ferhaal op dat Thor in kollega fan him is, waans wurk Coulson yn beslach nommen hat. De man is dêr begryplikerwize oerstjoer fan rekke. Coulson draacht Thor oan 'e soargen fan Selvig oer, hoewol't er wit dat fan it ferhaal neat wier is. Mar Thor hat neat loslitten by it ferhear, en Coulson ornearret dat er in gruttere kâns hat om te ûntdekken wat der geande is as er Thor folgje lit. As Loki oan him ferskynt en fertelt dat de skok fan 'e nije oarloch en de ferballing fan Thor tefolle foar Odin wie, sadat er kommen is te ferstjerren, leit Thor him derby del om as minske op 'e Ierde te libjen. De hieltyd al oanwêzige seksuele spanning tusken him en Jane Foster begjint him te ûntjaan ta ferealens.

Loki reizget nei Jötunheim, dêr't er Laufey oanbiedt om him en guon fan syn iisreuzen Asgard binnen te smokkeljen, sadat se Odin fermoardzje kinne. By dat petear docht bliken dat Loki ek ferantwurdlik wie foar it binnenlitten yn Asgard fan 'e trije iisreuzen dy't it Kistke fan Alâlde Winters stelle woene. Neffens himsels died er dat om 'e kroaning fan Thor te fersteuren om't dy folslein ûngeskikt wie foar it amt fan kening. Underwilens beslute Sif en de Trije Krigers, dy't alhiel neat hawwe moatte fan Loki syn regear en boppedat syn belutsenens fermoedzje by it binnenkringen fan Asgard troch de trije iisreuzen, dat se Thor út ballingskip weromhelje moatte. Heimdall, de skyldwacht fan Asgard, dy't ek al in oanfarring mei Loki hân hat, lit harren troch, wêrnei't se de Bifröst nei de Ierde nimme. Loki, dy't op 'e hichte is fan harren plan, stjoert de Ferneatiger efter harren oan om harren en Thor te ferdylgjen. Underwilens lit er Laufey en inkele oare iisreuzen binnen yn Asgard. Heimdall, dy't harren trappearret, wurdt stiif beferzen.

Sif en de Trije Krigers fine yn Nij-Meksiko Thor werom, mar hy leit út dat er net weardich is en dêrom net werom kin nei Asgard, en alhiel net no't syn heit dea is. As syn freonen him fertelle dat Odin noch libbet, begjint er foar it earst syn broer Loki fan dûbelspul te fertinken. De Ferneatiger komt yn Nij-Meksiko oan en makket dêr koarte metten mei de aginten fan S.H.I.E.L.D. Sif en de Trije Krigers bine de striid oan mei de reuseftige robot, wylst de stjerlike Thor mei Selvig, Jane en Darcy helpt en bring de ûnskuldige omstanners yn feilichheid. As Sif en de Trije Krigers troch de Ferneatiger ferslein wurde, hjit Thor harren om werom te gean nei Asgard om Loki tsjin te hâlden. Hysels sil wol mei de Ferneatiger ôfweve. Dat docht er troch op 'e robot ta te rinnen en fia it ding mei Loki te praten. Hy biedt syn eigen libben oan as Loki dan syn freonen en it omsteand laach gewurde litte sil. Loki reägearret troch de Ferneatiger oan Thor in ûnbidigen terwinkel ferkeapje te litten, dy't him de nekke brekt.

Thor leit yn it stjerren, mar troch syn selsopoffering is er no weardich om Mjölnir te hantearjen, dat de hammer fljocht omheech fan it plak dêr't er fêst siet yn 'e rotsgrûn en keart nei de hân fan Thor werom. Op it stuit dat er de hammer oanrekket, kriget er syn godlike krêften werom en wurdt er genêzen. Thor komt dêrnei oerein en giet de Ferneatiger mei Mjölnir te liif. Dêr hat de robot net fan werom en al rillegau leit er yn wrakstikken oer de grûn. Thor nimt mei in ynmoedige tút ôfskie fan Jane, wêrnei't er Heimdall oanropt om him binnen te litten yn Asgard. Heimdall wit himsels mei in uterste krêftsynspanning te befrijen fan it iis dat him finzen hâldt, en aktivearret Bifröst, sadat Thor, Sif en de Trije Krigers weromkeare kinne. Wylst syn freonen de ferswakke Heimdall nei de genêzingskeamer helpe, set Thor nei de fertrekken fan Odin ta.

Dêr hat Laufey ûnderwilens Frigga bewusteleas slein en hy risselwearret om Odin dea te dwaan. Op it lêste stuit wurdt er lykwols ferriedlik fermoarde troch Loki. Oan Thor, dy't fuort dêrnei arrivearret, leit Loki syn wiere plan út, om 'e moardoanslach op Odin te brûken as ferlechje foar de folsleine ferwoastging fan Jötunheim. Om dat te berikken rjochtet er de Bifröst op Jötunheim en lit it apparaat dan oanstean. Fan gefolgen sil der sa'n opbou fan enerzjy plakfine, dat Jötunheim op 't langelêst ferneatige wurde sil. Loki syn úteinlike doel is om himsels weardich te toanen foar syn pleechheit Odin oer. Thor, dy't earder foar krekt sa'n oplossing wie, kantet him der no tsjin oan. Mar Loki besiket him tsjin te kearen en de beide bruorren fjochtsje op 'e Reinbôgebrêge oant de enerzjyopbou sadanich is, dat Thor it wjirmgat nei Jötunheim net mear útsette kin. Loki mient dat er wûn hat, mar Thor huft mei Mjölnir de Reinbôgebrêge oan stikken, wêrmei't it wjirmgat ek ferdwynt. Dat hat wol ta gefolch dat de goaden no yn Asgard opsletten sitte en Thor net mear, sa't er ûnthjitten hie, werom kin nei de Ierde om Jane te besykjen.