Frida Marie Hansdotter (Västerås, 13 desimber 1985) is in earder Sweedsk skyster.
Hansdotter dy't debutearre yn 2004, die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2010, 2014 en 2018). Sy waard yn 2018 Olympysk kampioen op de slalom. By de wrâldkampioenskippen helle sy ien kear in sulveren medalje op de slalom en in sulveren medalje mei Sweden by de lannewestriid. Sy behelle ek trije brûnzen wk-medaljes twa kear op de slalom en ien kear mei Sweden by de lannewestriid.
Yn 2019 hold Hansdotter op mei skyen op heech nivo. By har lêste wedstriid hie se tradisjonele Sweedske dracht oan en dielde se kanielbroadjes út oan de wedstriidfunksjonarissen. dn.se, 17-3-2019, Frida Hansdotter åkte i folkdräkt
Kategory:Sweedsk skyer Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1985