André Myhrer (Bergsjö, 11 jannewaris 1983) is in earder Sweedsk skyer.
Myhrer debutearre yn 2004 en die fjouwer kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010, 2014 en 2018). Hy waard yn 2018 Olympysk kampioen op de slalom. Yn 2010 hie er al ris brûns wûn op dit ûnderdiel. By de wrâldkampioenskippen helle hy ien kear in sulveren en twa kear in brûnzen medalje mei Sweden by de lannewedstriid.
Myhrer soe oan it ein fan it seizoen 2019/2020 ophâlde mei skyen op heech nivo, mar as gefolch fan koroanamaatregels waard it seizoen earder stillein en dermei einige André Myhrer syn karriêre al yn febrewaris 2020.
Kategory:Sweedsk skyer Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1983