Basic Instinct is in Amerikaansk-Britsk-Frânske eroatyske psychologyske skriller, plysjefilm en neo-noir út 1992 ûnder rezjy fan 'e Nederlânske filmmakker Paul Verhoeven. De haadrollen waarden spile troch Michael Douglas en Sharon Stone. De titel betsjut "Leechste Ynstinkt". It ferhaal folget Nick Curran, in resjersjeur by de plysje fan San Francisco mei in besmodzge ferline, dy't de moard op in rike rockmuzikant ûndersiket. Al rillegau komt dy syn minneresse Catherine Tramell as fertochte yn byld. Hja is in mysterieuze biseksuele feministyske skriuwster, dy't inkele jierren earder yn ien fan har romans de moard sekuer beskreaun hat. Curran rekket almar djipper bestrûpt yn in web fan yntriizjes, mar is Catherine de psychopatyske dieder, of is dat syn eigen eardere minneresse Beth Garner?
Basic Instinct krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en stie ek bleat oan protesten fan benammen lesbiënnes en biseksuelen, dy't lulk wiene oer hoe't lju fan harren seksuele oriïntaasje yn 'e film ôfskildere waarden. Nettsjinsteande dat wie de film yn 'e bioskopen in daverjend kommersjeel súkses. Basic Instinct krige letter erkenning foar syn baanbrekkend yn byld bringen fan seks yn 'e mainstream-filmyndustry fan Hollywood, en stiet benammen bekend om in sêne wêryn't Sharon Stone kommando giet yn in koart jurkje en by in ûnderfreging har skonken oerinoar slacht, sadat (flechtich) har bleate fagina te sjen is. Stone hold letter fol dat dy sêne bûten har witten om filme wie. In ûnsúksesfolle ferfolchfilm, Basic Instinct 2, waard yn 2006 útbrocht.
Plot Nick Curran en syn partner Gus Moran, dy't resjersjeurs by it San Francisco Police Department binne, ûndersykje de moard op 'e pinsjonearre rockstjer Johnny Boz. Dyselde is nachts thús op bêd deastutsen mei in iispriem, blykber wylst er seksuele omgong hie mei de froulike dieder, dy't syn hannen mei in siden sjaaltsje oan it hollenein fan it ledikant fêstbûn hie. Logyskerwize komt Boz syn minneresse yn byld as mooglike fertochte. Dat is de feministyske, biseksuele Catherine Tramell, in skriuwster fan súksesfolle misdieromans mei in doktorsgraad yn psychology.
Curran en Moran komme oan 'e weet dat Catherine inkele jierren earder in boek skreaun hat wêryn't in rockstjer op jierren ûnder it hawwen fan seks mei in iispriem deastutsen waard wylst syn hannen mei in siden sjaaltsje oan it hollenein fan it ledikant fêstbûn wiene. Dat is wol apart, en se konkludearje dat der twa dingen oan 'e hân wêze kinne: 1) Catherine is in psychopatyske moardneresse dy't har ferhaal yn 'e praktyk brocht hat en no har boek as aliby brûke sil ("as ik ien fermoardzje woe, dan soe ik dêr dochs perfoarst yn 't foar gjin boek oer skriuwe?"), of 2) immen dy't Catherine har roman lêzen hat is in psychopatyske moardneresse en hat alle war dien om 'e moardsêne út it boek sa sekuer mooglik nei te bearen.
Catherine sels wurket net bot mei oan it ûndersyk. Se besiket de resjersjeurs ferskate kearen te shockearjen en ferget harren mei ûnbehelpsume antwurden en troch te smoken dêr't dat net mei. By ien ferhear giet se kommando yn in koarte wite jurk, en as se demonstratyf har skonken oerinoar slacht, biedt se dêrmei Curran en Moran, harren sjef ynspekteur Walker, de fertsjintwurdiger fan it haadburo fan plysje haadynspekteur Talcott en ofsier fan justysje John Correlli in blik op har bleate fagina. Hoewol't se gjin aliby hat, trochstiet se sûnder swierrichheden in leagendetektortest.
Curran rekket der lykwols fan oertsjûge dat Catherine de dieder is. Hy fynt it ûntrêstgjend dat sy blykber mear fan him wit as hy fan har. Catherine leit út dat se ûndersyk nei him dien hat, om't se in personaazje yn har folgjende boek op him basearje wol. Dat is in resjersjeur by de plysje fan San Francisco, dy't ferskate ûnskuldigen deasketten hat. Se warskôget him dat it mei de man net goed ôfrinne sil, om't er foar de ferkearde frou falt. As Curran har begjint te folgjen, ûntdekt er dat Catherine befreone is mei Hazel Dobkins, in âldere frou dy't tsientallen jierren lyn skynber sûnder reden hat man en bern fermoarde hat.
Curran, dy't by fersin twa toeristen deasketten hat doe't er by in undercover-operaasje ûnder ynfloed fan kokaïne wie, wurdt troch syn ynspekteur Walker twongen om himsels behannelje te litten troch plysjepsychologe Beth Garner, mei wa't er tagelyk in seksuele knipperljochtrelaasje ûnderhâldt. As Catherine dingen blykt te witten dy't er inkeld oan Beth ferteld hat, konfontearret er dy dêrmei. Under druk set jout Beth ta dat se syn dossier lêze litten hat oan ynspekteur Marty Nielsen fan 'e ôfdieling Ynterne Saken. Dyselde woe de lieding fan 'e plysje oanriede om Curran, yn ferbân mei de dea fan 'e beide toeristen, te ûntslaan; Beth hâldt út dat se him inkeld ynsjoch yn it dossier jûn hat om him op oare gedachten te bringen. Mei oare wurden: se hat it foar Curran syn goederbêst dien.
Om't er gjin reden hat en fertink Beth derfan dat se syn persoanlike ynformaasje trochspile hat oan Catherine, konkludearret Curran dat Nielsen it lek wêze moat. Dat de ûnsympatike Nielsen him al tiden hjitfolget en ferget, hat him de man net leaver makke. Breinroer giet Curran nei it kantoar fan Nielsen ta, dêr't er by wat lûk- en triuwwurk bedrigings oan it adres fan 'e man uteret foar't er troch kollega's fan Nielsen oermastere en derút goaid wurdt. As Nielsen dyselde jûns noch deasketten wurdt, is Curran sadwaande de wichtichste fertochte en wurdt er op non-aktyf steld.
Curran sels fermoedet dat Catherine efter de nije moard sit. Nettsjinsteande dat begjint er in ferheftige seksuele relaasje mei har, wêrby't er de earste kears dat se mei-inoar op bêd geane, himsels de hannen oan it hollenein fan it ledikant fêstbine lit mei in siden sjaaltsje wylst sy him beriidt. Dat is persiis hoe't Boz oan syn ein kommen is. Letter jout Curran ta dat er op dat stuit skitende benaud wie, mar dat makke it, yn syn wurden, "de bêste seks fan 'e iuw". Catherine sels neamt it "in goed begjin". Har lesbyske minneresse Roxy, dy't tasjoen hat wylst sy seks hiene, is minder fan 'e sitewaasje sjarmearre. Hja is jaloersk en warskôget Curran dat er by Catherine wei bliuwe moat, oars sil se him ôfmeitsje.
Letter besiket de bestjoerder fan Catherine har auto Curran oant trije kear ta dea te riden, mar hy wit by syn eigen auto te kommen. Der ûntjout him in wylde efterfolging, dy't einiget as Catherine har auto oer de kop slacht en by in heech talúd del fljocht. Curran is der wis fan dat de dieder Catherine is, mar as er by it autowrak arrivearret, sjocht er dat de bestjoerster Roxy wie, dy't by it ûngemak omkommen is. As neitiid Roxy har namme troch de kompjûter helle wurdt, docht bliken dat sy, krekt as Hazel Dobkins, in feroardiele moardneresse is, dy't op har sechstjinde ympulsyf har beide jongere bruorren deamakke hat troch se de kiel troch te snijen. Catherine har ferklearring foar har omgong mei moardners is dat se foar har boeken ferlet hat fan harren ynsjoch yn 'e psyche fan in moardner.
Catherine rouwet om 'e dea fan Roxy. Curran treastget har en se reitsje wer op bêd. Nei't se diskear op in tradisjonelere wize seks hân hawwe, fertelt Catherine Curran oer in eardere lesbyske relaasje fan harres dy't misbetearde. Se beweart dat se, doe't se psychology studearre oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, in onenightstand hie mei in stúdzjegenoate. It fanke, in Lisa Oberman, rekke troch Catherine obsedearre en begûn har te stalken. Curran begjint him ôf te freegjen oft Catherine soms noch altyd troch dy Lisa Oberman hjitfolge wurdt en oft dy soms Johnny Boz fermoarde hat op in wize dy't folslein oerienkomt mei de beskriuwing yn 'e roman fan Catherine. As er lykwols by de universiteit ynformearret, wurdt him fertelt dat se gjin Lisa Oberman yn harren bestannen weromfine kinne. Lulk om't se him bedragen hat, skillet Curran Catherine op, dy't him by in ferwitende wurdewikseling witte lit dat it "Lisa Hoberman" is, mei in H. Dy kenne se by de universiteit wol. Fierder ûndersyk wiist ta Curran syn skok út dat Elizabeth Hoberman tsjintwurdich in oare ropnamme hat en de efternamme fan har eks-man brûkt: hja is nimmen oars as Beth Garner.
Curran siket Beth op en konfrontearret har mei syn ûntdekkings. Sy befêstiget dat se yn Berkeley in klasgenoate fan Catherine wie en dat se in kear, by wize fan seksueel eksperimintearjen, mei har op bêd west hat. Neitiid, sa seit se, wie it lykwols Catherine dy't folslein obsedearre rekke troch Beth, en hàr begûn te stalken, en net oarsom. Curran wit no net mear wat er leauwe moat. Hy rekket der lykwols fan oertsjûge dat de moard op Boz te krijen hat mei it stúdzjeferline fan 'e beide froulju, wannear't er ûntdekt dat in heechlearaar fan deselde universiteit mei in iispriem deastutsen is yn 'e tiid dat Catherine en Beth kolleezjes fan him folgen. Dy moardsaak is nea oplost. Curran syn partner Moran tinkt dat Curran gelyk hat en begjint systematysk klasgenoaten fan 'e beide froulju út harren stúdzjetiid op te skiljen om út te finen wat der doedestiden no eins wier bard is.
By in besite oan Catherine sjocht Curran in útdraai fan har nijste roman út 'e printer kommen. Hy lêst in passaazje dêr't de resjersjeur yn it boek syn partner deastutsen weromfynt by in lift. Catherine fertelt him dat se it boek ôf hat. Syn personaazje is dea, dus se hat fierders gjin ferlet mear fan him. Dêrom ferbrekt se harren relaasje. Foar Curran, dy't ûnderwilens alhiel fereale op har rekke is, komt dat as tonger út in heldere loft. Hy rekket oerstjoer en letter deprimearre.
Curran moetet Moran, dy't him besiket op te fleurjen mei it nijs dat Catherine har keamergenoate fan 'e universiteit him opskille hat. Hja hie fan oare eardere klasgenoaten heard dat er om ynformaasje oer Catherine socht. Hy hat mei har ôfpraat yn in kantoargebou en hopet der no efter te kommen wat der wier tusken Catherine en Beth foarfallen is yn harren stúdzjetiid. Om't Curran eins noch altyd op non-aktyf stiet, moat er yn 'e auto wachtsje. Moran giet it gebou binnen en nimt de lift omheech. As Curran einlings beseft wat der bart, is it al te let. Krekt as de resjersjeur yn it boek hastiget er him it gebou yn en de trep op, mar op 'e ferdjipping dêr't Moran ôfpraat hie, treft er dyselde by de lift oan. Hy is deastutsen mei in iispriem. Curran (dy't syn eigen tsjinstwapen ynleverje moatten hat) pakt Moran syn pistoal en giet it gebou yn.
Op dat stuit komt Beth út it treppehûs. Curran wol witte wat se hjir moat. Se antwurdet dat se berjocht krigen hat dat se Moran hjir moetsje moat. Curran leaut dêr neat fan en hjit har de hannen omheech te dwaan. Mar ynstee stekt se ien hân yn 'e bûse. Hy oarderet har nochris de hannen omheech te dwaan, mar Beth begrypt skynber net wat der oan 'e hân is. As se op him ôf stapt en de hân út 'e bûse lûkt, sjit er har del. Se rekket deadlik ferwûne en fertelt him: "ik hold fan dy" foar't se ferstjert. Yn 'e bûse blykt se inkeld har ornamintele kaairing fêstholden te hawwen.
Curran is der beroerd fan. Ynspekteur Walker en oare kollega's fan him nimme it ûndersyk op it plak delikt oer en ûntdekke de iispriem dêr't Moran mei deastutsen is mei in blonde prúk en in reinjak fan it San Francisco Police Department dy't de moarneresse droech, allegearre byinoar fuortsmiten yn it treppehûs. By hûssiking yn Beth har appartemint wurdt it pistoal fûn dêr't Nielsen mei deasketten is, en teffens in grutte samling foto's fan en kranteknipsels oer Catherine, dy't suggerearret dat Beth troch Catherine obsedearre wie. Curran bliuwt yn betizing efter en giet deprimearre nei hûs.