Hans Johnny Höglin (Nykroppa, 26 febrewaris 1943) is in earder Sweedsk reedrider.

Hy die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, ien kear stie er oan de start fan it Wrâldkampioenskip sprint, fjouwer kear die er mei oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1968 en 1972). Hy behelle by dizze kampioenskippen ien kear in ynternasjonale medalje, dat wie op de 10 kilometer fan de 1968 yn Grenoble dêr't er ferrassend 0,3 seconden rapper wie as de grutste favoryt foar de oerwinning, Fred Anton Maier út Noarwegen. Hy waard yn itselde jier ek Sweedsk allround kampioen. Yn 1974 hold Höglin op mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,318 jannewaris 1970 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.21,317 jannewaris 1970 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.02,115 jannewaris 1970 Eisstadion Davos, Davos3 km4.21,67 maart 1968 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km7.26,016 jannewaris 1972 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km15.23,617 febrewaris 1968 Anneau de Vitesse, Grenoble

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1965 19e 196613e13e 196718e10e 1968 6e 1500 m, 5e5 km, 5e10 km, 1969 6e 1970Net finisht11e13e 1971 11e 197219e17e 1500 m, 17e5 km, 12e

Kategory:Sweedsk reedrider Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1943