De Hunsrück is in boskryk middelberchtme yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De hegere dielen lizze tusken de 500 en 820 meter en de heechste berch is de Erbeskopf.

De Hunsrück foarmet in ûnderdiel fan it Rynlânske laaistienplato, dat fan de Ardinnen yn it westen nei it Hessyske Berchlân yn it easten rint.

Geografy De Hunsrück leit tusken de Mûzel (yn it westen), de Ryn yn it easten, de Nahe yn it suden en de Saar yn it súdwesten. De trochsnithichte is likernôch 500 meter en de heechste berch is de Erbeskopf by Thalfang mei in hichte fan 818 meter. De Erbeskopf is tagelyk it heechste punt fan de dielsteat Rynlân-Palts en de heechste Dútske berch oan de lofter kant fan de Ryn. thumb|left|250px|Skypiste fan de Erbeskopf De diellânskippen Hoch- en Idarwald foarmje yn it suden it heechste en grutste massyf. Tusken de oant 762,7 meter hege kamen fan it Schwarzälder Hochwald en it wat noardeastlik dêrfan lizzende Idarwald (oant 766,2 m) leit de 816,32 hege Erbeskopf. Fuort oan de Erbeskopf grinzgje noardwestlik de kamen fan it Osburger Hochwald (oant 708,1 m) en it Haardtwald (oant 658 m), dy't as eilannen boppe harren omjouwing útstekke. Noardeastlik fan de haadkamen lizze de kamen fan it Soonwald (oant 656,8 m) en noch wat mear nei it easten ta yn 'e rjochting fan de Ryn it Bingerwald (638,6 m). Oan de rjochter kant fan de Ryn giet de kaam fan de Hunsrück fierder yn de haadkaam fan it Taunusberchte.

Oer de Hunsrück rint fan Saarburg by Trier yn it súdwesten nei Koblenz yn it noardeasten de 157 kilometer lange Hunsrückhöhenstraße. Foar in diel folget de dyk it âlde Romeinske trajekt om troepen te ferplakken. De Hunsrückhöhenstraße waard yn de jierren 1938-1939 yn in tige koart skoftsje tiid mei help fan Organisation Todt oanlein as in militêr-strategyske wei nei de Dútsk-Frânske grins (Westwall). thumb|260px|Kaart fan de Hunsrück

Geology 400 miljoen jier lyn wie it hjoeddeiske Midden-Europa in tropyske see. Yn de rin fan de tiid waarden ûnbidige oanspielde lagen sânmassa's en modder op de boaijem ôfset, dy't troch de omfiemjende lânmassa's yn de Devoansee erodearre waarden. Troch it eigen gewicht feroaren de sânmassa's yn sânstien. De druk en opname fan wetter feroare de sânstien yn kwartsyt en it oanspielde sân resp. de klaai ta klaaistien, dy't troch druk en deformaasje troch tektonyske prosessen ta laaistien feroare. thumb|Left|250px|left|Fossyl seestjer út Bundenbach Oant yn de jierren 1950 waard op de Hunsrück in soad laaistien wûn. De ienfâldich te spjalten stien waard in soad brûkt foar it dakdekken en it beklaaien fan gevels.

It foarkommen fan fossilen yn beskate laaistienôfsettings (bygelyks yn de Bundenbacher laaistien) wie al yn 'e 19e iuw bekend by geologen. Njonken seeleeljes, trilobiten en seestjerren wurde ek ferskillende soarten seespinnen fûn. Der binne tsientallen soarten ammoniten fûn, lykas ek in soad krabben. Yn 'e samling fan it Natoerhistoarysk Museum fan Mainz wurdt bygelyks in 15 sm grutte pantserkrab 'Nahecaris stuertzi' bewarre.

Lânskip thumb|left|250px|Idarbach De Hunsrück is yn ferslikkende types lânskip te ferdielen. Op de berchkamen lykas it Soonwald, it Idarwald en it Hochwald foarmet bosk it lânskip. Under de berchkamen makket ikkerbou it oansjen fan it lânskip út, ôfwiksele troch bosk. De djippe beekdeltes wurde ekstinsyf as greiden brûkt. De hellingen oan de beken en de rivieren binne faak mei strewellen begroeid en hawwe gjin ekonomysk doel.

De grutste beken op de Hunsrück binne de Simmerbach, dy't yn de Kellenbach oergiet, de Hahnenbach, de Guldenbach, de Baybach, de Flaumbach, de Dhron en de Ruwer.

Fûgel en bistewrâld Alhoewol't de Hunsrück gjin fûgelreservaat is, komme der in grut tal spjochten, rôffûgels en sjongfûgels foar. Ek de seldsume swarte earrebarre is der thús. De Hunsrück is ryk oan wyld en der wurdt in soad jage op reeën, reaharten en wylde bargen. De Europeeske wylde kat is seldsum, lykas ek der fan de lynks mar in pear yn it gebiet foarkomme. De fokse, taks en marter komme dêrfoaroer in soad foar.

De seldsume mopsflearmûs is ien fan de bekendste sûchdieren fan de Hunsrück. De oanwêzigens fan it bistke westlik fan Hahn Airport soarge der foar dat de útwreiding fan de lanningsbaan foar in skoft opkeard wurde koe.

Yn de wiete gebieten fan 'e Hunsrück libje in soad ynsekten en amfibyen, lykas de fjoersalamander. Drûge gebieten binne it hiem fan reptilen, lykas de blynslang en de gledde slang.

Wintersport As der genôch snie leit kin der op de Erbeskopf of op de Dollberg skyt wurde. Fierder binne der op in soad plakken langlauftrajekten útset.

Nasjonaal Park Hunsrück-Hochwald It likernôch 10.000 hektare grutte Nationalpark Hunsrück-Hochwald is in nasjonaal park yn it west fan Dútslân. It park waard stifte yn 2014.

thumb|center|700px|Nasjonaal Park Hunsrück-Hochwald mei sicht op de Erbeskopf

Toppen Namme Hichte (meter) Lokaasje (natoergebiet) Lânkring Erbeskopf 816,32 Basis von Idar- und Malborner Hochwald Bernkastel-Wittlich An den zwei Steinen 766,2 Idarwald Bernkastel-Wittlich Ruppelstein 762,7 Malborner Hochwald Birkenfeld Butterhecker Steinköpfe 722,6 Herrsteiner Forst Birkenfeld Rösterkopf 708,1 Osburger Hochwald Trier-Saarburg Friedrichskopf 707,4 Dollberge Birkenfeld Teufelskopf 695,0 Greimerather Hochwald Trier-Saarburg Haardtkopf 658,0 Haardtwald Bernkastel-Wittlich Ellerspring 657,5 Soonwald Bad Kreuznach Kandrich 638,6 Binger Wald Bad Kreuznach Womrather Höhe 599,1 Lützelsoon Bad Kreuznach, Rhein-Hunsrück Berch sûnder namme Berch sûnder namme noardeastlik fan Laudert ± 558 Noardeastlike Hunsrückhochfläche Rhein-Hunsrück Berch sûnder namme Berch sûnder namme noardwestlik fan Greimerath, doarpsgebiet Irsch 536,4 Saar-Ruwer-Hunsrück Trier-Saarburg

Kategory:Berchtme yn Rynlân-Palts Kategory:Berchtme yn Saarlân