Fred Anton Maier (Nøtterøy, 15 desimber 1938 - Nøtterøy, 9 juny 2015) wie in Noarsk reedrider.

Hy die tsien kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, acht kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1964 en 1968). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Noarsk allround kampioen. Yn 1969 hold Maier op mei reedriden op heech nivo, en waard sportynstrukteur by it Noarske seemanssintrum yn de Rotterdamske haven en wenne derom mei syn húshâlding in oantal jier yn Nederlân. Fred Anton Maier ferstoar op 9 juny 2015, yn 'e âldens fan 76 jier, oan de gefolgen fan kanker.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 41,83 febrewaris 1968 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.24,31 desimber 1968 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter2.06,110 maart 1968 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell3 km4.17,57 maart 1968 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km7.16,79 maart 1968 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km15.20,328 jannewaris 1968 Bislettstadion, Oslo

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1960 Net finisht196112e13e1962 14e196310e7e19648ste16e5 km, 10 km, 19657e9e19665e7e196716e19685 km, 10 km, 19697e12e

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2015