Johanna (Ans) Boekema-Schut (Apeldoarn, 26 novimber 1944 - 7 novimber 2025) wie in Nederlânsk reedrydster.

Sy die fjouwer kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, ien kear oan it Wrâldkampioenskip sprint, twa kear oan it Europeesk kampioenskip en hat yn 1968 meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't se Olympysk kampioene waard op de 3 kilometer. Schut behelle ien kear in sulveren en in brûnzen medalje op it wrâldkampioenskip allround yn 1970 behelle sy ek in brûnzen medalje op it earste Europeeske kampioenskip allround foar froulju. Yn 1971 hold Schut op mei reedriden op heech nivo. Itselde jier is Schut boaske mei kranteútjouwer Jacques Boekema, it pear hat trije bêrn.

Ans Schut ferstoar op 7 novimber 2025, yn 'e âldens fan 80 jier.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 44,924 jannewaris 1971 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.30,116 jannewaris 1971 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.16,615 jannewaris 1971 Eisstadion Davos, Davos3 km4.50,323 febrewaris 1969 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten jier NKAllround EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 19646e 1965 19665e 1967 5e 1968 1500 m, 12e3 km, 1969 197014e 6e19714e16e6e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2025