Hans van Helden (Almkerk, 27 april 1948) is in earder Nederlânsk-Frânsk reedrider. Nei't er yn 1982 boaske mei de Frânske reedrydster Marie-France Vives kaam er tenei út foar Frankryk.

Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, trettjin kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976, 1984 en 1988). Hy behelle by dizze kampioenskippen trije brûnzen medaljes op de Olympyske Spullen, ien brûnzen medalje by it wrâldkampioenskip Allround, by it Europeeske kampioenskip allround behelle er in sulveren en brûnzen medalje. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn Frankryk hie er as reedrider net folle konkurrinsje dus koe er sûnder kwalifikaasje gedoch oan alle toernoaien meidwaan. By de Winterspullen fan 1984 waard hy fjirde op de 1500 meter wat de bêste "Nederlânske" prestaasje wie. Van Helden stie bekend as in eigensinnich persoan, dy't faaks spul hie mei oaren, apart wiene ek syn manier fan trainen yn stee fan krêfttraining trainde er mei in parasjute.

Yn desimber 2015 kaam it boek Hoe sterk is de eenzame schaatser, wêryn't syn libben beskreaun is troch Erik Dijkstra.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 39,0320 maart 1976 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.16,3218 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.55,6113 maart 1976 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell3 km4.08,118 maart 1984 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km6.57,6917 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary10 km14.34,8421 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier NKAllround EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 19737e16e19744e5e8ste19765e4e 500 m, 19e1000 m, 5e1500 m, 5 km, 10 km, 19775e7e 197812e12e 19794e 19804e13e 19817e 1982 15e15e 1983 17e14e 1984 6e10e 500 m, 24ste1000 m, 18e1500 m, 4e5 km, 11e10 km, 25ste1985 26ste27ste 1986 14e14e 1987 24ste31ste 1988 188ste 500 m, 33ste1000 m, 29ste1500 m, 19e5 km, 22ste10 km, 23ste

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Frânsk reedrider Kategory:Frânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Frânsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1948