Carla Johanna Zijlstra (Snits, 15 maart 1969) is in earder Frysk reedrydster. Sûnt 16 maart 1997 wie se Nederlânsk rekôrhâldster op de 10 kilometer, mei in tiid fan 14.39,22 riden yn Calgary. Dizze tiid waard pas alve jier letter op 13 maart 2018 op It Hearrenfean ferbrutsen troch Carien Kleibeuker dy't 14.35,61 riedRekôrs op de 10 kilometer foar froulju wurde net offisjeel erkend troch de KNSB en de ISU.
Carla die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994 en 1998). Sy behelle by dizze wedstriden gjin medaljes, sy waard al ien kear Nederlânsk allround kampioene.
Foar seizoen 1998/1999 waard Zijlstra net selektearre foar de kearnploech en makke har mei privee-trainer Johan Kasper ree foar de wedstriden. Dat seizoen riid se mei 7.05,94 in nij Nederlânsk rekôr op de 5 kilometer. In jier letter besleat se om har reedriidkarriêre te beëinigjen en har te rjochtsjen op har stúdzje ta Fysioterapeut. Se boaske mei de Australyske skyrinner Andy Evans mei wa't se twa bêrn hat. Yn novimber 2016 ferskynde har autobiografy Tussen hemel, ijs en aardeFriesch Dagblad, 1-12-2016, Zijlstra: tussen hemel, ijs en aarde.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 41,7413 febrewaris 1999 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.22,0919 maart 1999 Olympic Oval, Calgary1500 meter2.01,6713 febrewaris 1999 Olympic Oval, Calgary3 km4.10,6327 maart 1998 Olympic Oval, Calgary5 km7.05,9421 novimber 1998 Thialf, It Hearrenfean10 km14.39,2216 maart 1997 Olympic Oval, Calgary
Resultaten jier NKAllround NKOfstannen EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 19899e3 km, 12e 19906e500 m, 17e1500 m, 11e3 km, 8e5 km, 4e 1991 10e9e 1992500 m, 16e1500 m, 5e3 km, 5 km, 8ste10e 1500 m, 9e3 km, 4e5 km, 4e19931500 m, 3 km, 5 km, 7e7e 19941500 m, 3 km, 5 km, 6e 1500 m, 22ste3 km, 9e5 km, 7e19951500 m, 11e3 km, 5 km, 12e8ste 1996 11e27ste3 km, 7e5 km, 1997 7e 3 km, 5 km, 19984e3 km, 5 km, 3 km, 6e5 km,3 km, 9e5 km, 6e19998ste1500 m, 9e3 km, 5 km, 3 km, 5e5 km, 4e
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1969