Igor Nikolajevitsj Zjelezovski (Orsja, 1 july 1963 - Minsk, 12 juny 2021) wie in Wytrussysk reedrider dy't oant en mei 1991 útkaam foar de Sovjetuny. Zjelezovski waard mar leafst seis kear wrâldkampioen sprint.

Hy die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip sprint, en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1988, 1992 en 1994). Hy waard by dizze kampioenskippen seis kear wrâldkampioen, en helle op de Olympyske Spullen in sulveren en in brûnzen medalje op de 1000 meter. Nei de spullen fan 1994 hold Zjelezovski op mei it reedriden op heech nivo.

Igor Zjelezovski ferstoar op 12 juny 2021, yn 'e aldens fan 57 jier oan de gefolgen fan in firusynfeksje.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,4921 desimber 1985 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.12,5825 febrewaris 1989 Thialf, It Hearrenfean1500 meter1.52,505 desimber 1987 Olympic Oval, Calgary3 km4.12,859 jannewaris 1988 Eisstadion Davos, Davos5 km7.09,8425 maart 1983 Medeo, Alma-Ata10 km15.40,8226 maart 1983 Medeo, Alma-Ata

Resultaten jier WKSprint OlympyskeSpullen 1985198619878ste1988 500 m, 6e1000 m, 1500 m, 4e1989199019911992500 m, 8ste1000 m, 6e1500 m, 10e199319946e500 m, 10e1000 m,

Kategory:Wytrussysk reedrider Kategory:Wytrussysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1963 Kategory:Persoan stoarn yn 2021