Jeremy Wotherspoon (Humbolt, Saskatchewan, 26 oktober 1976) is in earder Kandadeesk reedrider. tsien jier lang, wie Wotherspoon ien fan de bêste sprinters fan de wrâld.
Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip Sprint, en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1998, 2002, 2006 en 2010). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, en helle op de Olympyske Spullen in sulveren medalje op de 500 meter. Nei de spullen fan 2010 hold Wotherspoon op mei it reedriden op heech nivo. Dernei waard er trainer earst by de reedriidakademy yn Inzell, en letter as sprint-trainer foar de Noarske nasjonale ploech. Wotherspoon boaske mei de eardere reedrydster Kim Weger mei wa't er in dochter hat.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 34,039 novimber 2007 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter1.07,0311 novimber 2007 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1500 meter1.46,1828 desimber 2005 Olympic Oval, Calgary3 km4.02,1726 oktober 2002 Olympic Oval, Calgary5 km7.37,3610 maart 1996 Olympic Oval, Calgary
Resultaten jier WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen 1996 500 m, Net finisht19979e500 m, 10e1000 m, 4e1998500 m, 1000 m, 500 m, 1000 m, 6e1999500 m, 20ste1000 m, 23ste2000500 m, 1000 m, 4e2001500 m, 1000 m, 2002 500 m, Net finisht1000 m, 13e2003500 m, 1000 m, 9e2004500 m, 1000 m, 2005500 m, 1000 m, 8ste200642ste 500 m, 9e1000 m, 11e2008500 m, 1000 m, 4e2010 500 m, 9e 1000 m, 14e
Kategory:Kanadeesk reedrider Kategory:Kanadeesk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1976