De Branchevereniging Nederlandse Architectenbureaus (BNA), folút Koninklijke Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst Bond van Nederlandse Architecten BNA, is de brânsjorganisaasje fan arsjitekteburo's en hat hast 1100 buro's. It doel fan de BNA is it stimulearjen fan ûntwikkeling fan de boukeunst en it befoarderjen fan it útoefenjen fan de arsjitekten dy't meidogge.

Skiednis Op 12 febrewaris 1842 wie yn Amsterdam de earste Algemeene Bijeenkomst der Leden fan de Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst, de foarrinner fan de BNA. De hjoeddeistige struktuer ûntstie doe't yn 1919 de leden harren oansluten by de âldere Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst. Sûnt 1957 hat de BNA it predikaat Keninklik.

Der wiene yn de jierren 1955 oant 1990 noch oare beropsferieningen fan arsjitekten: it Nederlands Architectengenootschap (NAG), oprjochte yn 1955, en de feriening fan Nederlandse Praktiserende Architecten (NPA), in ôfsplitsing út 1971 fan it NAG. Dy twa besleaten yn juny 1986 har te ferienigjen ta Nederlânske Arsjitekteferiening (NAV); mei yngong fan 1 jannewaris 1987 wie de fúzje ôfrûne. 'Architecten herenigd, Trouw, Meppel, 18 juny 1986, s. 14]</ref>'Fusie van twee belangrijke architectenclubs', Trouw, Meppel, 15 jannewaris 1987, s. 20 Yn 1990 gie de NAV dêrnei op yn de BNA. <ref>[https://resolver.kb.nl/resolve?urn=ABCDDD:010827626:mpeg21:a0267 'Architecten herenigd, Trouw, Meppel, 18 juny 1986, s. 14'Fusie van twee belangrijke architectenclubs', Trouw, Meppel, 15 jannewaris 1987, s. 20 In 1990 ging de NAV vervolgens op in de BNA.Nieuwe architectenorganisatie, gearfetting fan artikel út Bouw (1955) yn de Archiwijzer fan BONAS'Architecten gaan krachten bundelen en actiever worden', Trouw, Meppel, vrijdag 22 juni 1987, p. 9 Fan dat jier ôf wie de BNA de iennige beropsferiening fan arsjitekten yn Nederlân.

Lange tiid stiene de letters BNA foar "Bond van Nederlandse Architecten". Sûnt 1 jannewaris 2013 is de BNA in brânsjorganisaasje mei arsjitekteburo's as statutêre leden. De útlis fan de ôfkoarting is sûnt dy tiid ek feroare. Yn 'e praktyk funksjonearre de BNA al langer as brânsjferiening. Petra Starink, 'BNA getransformeerd naar brancheorganisatie', Architectuur.nl, 8 jannewaris 2013

Wurkfjild It wurkfjild fan de brânsjorganisaasje is ferparte yn trije dielgebieten: Arsjitekt & Maatskippij (plak fan de arsjitekt en syn wurk yn it maatskiplik libben); Merk & Bedriuw (plak fan de arsjitekt yn it ekonomyske libben); Produkt & Proses (fergrutsjen fan fakmanskip).

De BNA hat yn it ferline trije stúdzjestichtingen oprjochte. Arsjitekten(buro's) koene lid wurde fan dy stúdzjestichtingen, dêr't se har mei ferdjipje yn in beskaat aspekt fan de arsjitektuer/boukunde. De resultaten fan de stúdzjes wiene foar alle BNA-leden tagonklik. De trije stúdzjestichtingen wiene: Stagg: Stichting Architectenonderzoek Gebouwen Gezondheidszorg; Staro: Stichting Architectenresearch Onderwijsgebouwen; Stawon: Stichting Architectenonderzoek Wonen en Woonomgeving.

Yn 2010 binne de ferskillende stichtingen fierder gien as BNA Onderzoek; apart besteane se net mear.

Organisaasje Om lid te wurden moatte se ynskreaun wurde yn it Arsjitekteregister. Neist it haadbestjoer (de Algemiene Fergadering) hat de BNA lokale netwurken. Dy organisearje aktiviteiten foar lokale BNA-leden.

Prizen Fan 1965 ôf oan rikt de BNA de BNA Kubus út, in oeuvrepriis foar arsjitekten. Boppedat is der sûnt 2006 de arsjitektuerpriis BNA Beste Gebouw van het Jaar.

List fan foarsitters 1908-1911: Karel de Bazel 1917-1919: P.J. Houtzagers 1940-1941: Henri Timo Zwiers 1970-1972: J.A. van den Berg 1972-1979: Cor de Wit 1980-1983: Piet Mertens 1984-1989: Hans Stadlander 1989-1993: Chris Knol 1993-1998: Carel Weeber 1998-2002: Jan Brouwer 2002-2006: Kees van der Hoeven 2006-2010: Jeroen van Schooten 2010-2011: Bjarne Mastenbroek 2011: Rob Hendriks (waarnimmend april-augustus 2011) 2011-2015: Willem Hein Schenk 2015-2019: Nathalie de Vries 2019-2021: Francesco Veenstra 2021- no: Jolijn Valk

Keppeling om utens Offisjele webside

Arsjitekteburo's Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1990