Sheila Grace Young-Ochowicz (Birmingham, Michigan, 14 oktober 1950) is in earder Amerikaansk reedrydster en baanhurdfytster. Young-Ochowicz is de mem fan earder reedrydster Elli Ochowicz

Young kombinearre jierrenlang it reedriden mei it baanhurdfytsen sy waard yn 1973 de earste froulike sporter dy't sawol wrâldkampioen waard yn twa ferskillende sporten yn itselde jier. Sy waard doe Wrâldkampioene Sprint by it reedriden, en en wrâldkampioen hurdfytsen sprint op 'e baan. As reedrydster die Young twa kear mei oan de Olympyske Winterspullen yn 1972 en 1976. Ek hat se fjouwer kear meidien oan it Wrâldkampioenskip Allround sy waard hjirby yn 1975 en 1976 tredde yn it einklassemint. Sheila Young boaske ein jierren 70 mei earder baanhurdfytser Jim Ochowicz.

Persoanlike rekôrs (reedriden) Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,6813 maart 1976 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1000 meter1.24,3813 maart 1976 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter2.14,6831 jannewaris 1976 Eisstadion Davos, Davos3 km5.02,8826 jannewaris 1976 Pista Olimpica, Madonna

Resultaten (reedriden) jier WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1972 8ste500 m, 4e1000 m, 17e197311e19744e11e19751976500 m, 1000 m, 1500 m, 1981 7e1982 13e

Resultaten (baanhurdfytsen) jier WKSprint 19721973197619811982

Kategory:Amerikaansk reedrider Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk baanhurdfytser Kategory:Persoan berne yn 1950