Bonnie Kathleen Blair (Cornwall, New York, 18 maart 1964) is in earder Amerikaansk reedrydster. Tolve jier lang, wie Blair ien fan de bêste sprintsters fan de wrâld.
Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip Allround, tolve kear oan it Wrâldkampioenskip Sprint, en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1984, 1988, 1992 en 1998). Sy waard by dizze kampioenskippen trije kear wrâldkampioen sprint, en helle op de Olympyske Spullen. Yn 1995 stopte Blair mei reedriden op heech nivo. Bonnie Blair boaske mei de eardere reedrider David Cruikshank mei wa't se in dochter hat.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 38,6912 febrewaris 1995 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.18,0518 maart 1995 Olympic Oval, Calgary1500 meter2.03,4421 febrewaris 1994 Vikingskipet, Hamar3 km4.47,6026 jannewaris 1986 Eisstadion, Davos5 km8.58,2912 jannewaris 1985 Pettit National Ice Center, Milwaukee
Resultaten jier WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1984 8ste500 m, 8ste198518e9e198619e1987 1988 500 m, 1000 m, 1500 m, 4e1989 1990 1991 5e1992 500 m, 1000 m, 1500 m, 21ste1993 1994 500 m, 1000 m, 1500 m, 4e1995
Kategory:Amerikaansk reedrider Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1964