Harm Kuipers (Donderen, 22 novimber 1947) is in earder Nederlânsk reedrider en heechlearaar.
Kuipers die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en ien kear stie er oan de start fan it Wrâldkampioenskip sprint Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.
Kuipers hat nea diel útmakke fan de kearnploech en hie syn eigen trainer. Boppedat wist er de reedrydsport te kombinearjen mei in stúdzje genêskunde oan de ryksuniversiteit Grins. Oant 2012 wie Harm Kuipers heechlearaar bewegingswittenskippen oan de Universiteit Maastricht. Yn 2009 wie Kuipers fanút syn funksje fan haad fan de medyske kommisje by de ISU, belutsen by de dopingsaak fan de Dútske reedrydster Claudia Pechstein. Oan de ein fan it reedrydseizoen 2016/2017 lei Kuipers syn funksje by Medyske kommisje fan de ISU del.
Yn 2010 en yn 2011 krige Kuipers de diagnoazen prostaatkanker en sloktermkanker. Hy hat doe besletten om foar in beheinde behanneling te gean.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,419 jannewaris 1973 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.21,4717 jannewaris 1975 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.02,015 jannewaris 1972 Eisstadion Davos, Davos3 km4.20,511 maart 1973 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km7.24,549 febrewaris 1974 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km15.21,292 maart 1975 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
Resultaten thumb|right|260px|Harm Kuipers yn 1975 jier NKAllround EKAllround WKAllround WKSprint196914e 19709e 197110e 19724eDiskwalifisearre 19734e4e19744e197514e
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1947