Adolph Frederik (Dolph) van der Scheer (Sutfen, 18 april 1909 - Rotterdam, 31 augustus 1966) wie in Nederlânsk reedrider.

Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fiif kear oan it Europeesk kampioenskip en yn 1936 ien kear oan de Olympyske Winterspullen. van der Scheer waard yn 1930 ien kear tredde by it Wrâldkampioenskip allround in jier letter waard er ek tredde by it Europeesk kampioenskip allround. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn 1948 wie hy de sjef de mission fan de Nederlânske ploech op de Olympyske Winterspullen yn Sankt-Moritz. Oanslutend wie er noch inkelde jierren aktyf as lid fan de Technyske kommisje langebaanriden fan de KNSB.

Dolph van der Scheer ferstoar op 31 augustus 1966, yn 'e aldens fan 57 jier. In grut tal bekers, medaljes, reedriden en foto's fan Dolph van der Scheer binne te sjen yn it Reedridersmuseum yn Hylpen.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 44,325 jannewaris 1936 Frognerstadion, Oslo1000 meter1.33,810 jannewaris 1930 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.18,921 jannewaris 1933 Eisstadion Davos, Davos5 km8.34,621 jannewaris 1933 Eisstadion Davos, Davos10 km18.04,96 febrewaris 1938 Riessersee, Garmisch-Partenkirchen

Resultaten jier NKAllround EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1928 27ste 19294e 1930 4e1931 5e 1933 1936 13e16e500 m, 14e1500 m, 9e5 km, 10e10 km, 16e19404e 19417e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1966