Carolina Cornelia Catharina (Carry) Langkruis-Geijssen (Amsterdam, 11 jannewaris 1947) is in earder Nederlânsk reedrydster. Geijssen wie de earste Nederlânske reedrydster dy't in gouden medalje wûn op de Olympyske Winterspullen.
Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en yn 1968 ien kear oan de Olympyske Winterspullen dêr't se Olympysk kampioen waard op de 1000 meter. Sy waard ien kear tredde by de Wrâldkampioenskippen efter Stien Kaiser en Ans Schut. Sy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.
By de Winterspullen wie Geijssen it middelpunt fan in reedriidrel. Tsjinoer in sjoernalist fan De Tijd ferklearre se dat de frouljus-kearnploech al lang in twadde coach woe njonken trainer Piet Zwanenburg. Letter soe Geijssen sizze dat de froulju fûnen dat Zwanenburg tefolle wurk allinnich dwaan moast en dat dat se him fuort ha woene. De kwestje late lykwols ta it fuortgean fan Zwanenburg. Geijsen hold yn 1971 op mei it reedriden op heech nivo.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 45,99 febrewaris 1970 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.31,51 maart 1969 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter2.21,320 jannewaris 1968 Eisstadion Davos, Davos3 km5.00,821 jannewaris 1968 Eisstadion Davos, Davos
Resultaten jier NKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 19644e 23ste 19657e 19669e 196712e 1968 1000 m, 1500 m, 19694e14e 19704e 11e19717e
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1947