Doc Holliday (eins: John Henry Holliday; Griffin (Georgia), 14 augustus 1851 – Glenwood Springs (Kolorado), 8 novimber 1887) wie in Amerikaansk toskedokter, dy't as gokker en revolverman aktyf wie yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy is benammen bekend wurden om syn freonskip mei de revolverman en plysjeman Wyatt Earp en syn dielname oan 'e kant fan 'e bruorren Earp oan 'e beruchte Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn Tombstone (Arizona) yn 1881. Sûnt 1873 litte Holliday oan tuberkuloaze, in sykte dêr't er mei 36 jier oan beswiek.
Libben en karriêre Jonkheid en komôf Holliday waard yn 1851 berne yn Griffin, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, as de soan fan Henry Burroughs Holliday, in feteraan út 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, en dy syn frou Alice Jane McKey. Syn biografe en fiere famyljelid Karen Holliday Tanner skreau yn 1998 yn it boek Doc Holliday: A Family Portrait, dat útkaam by de útjouwerij fan 'e Universiteit fan Oklahoma, dat Holliday berne waard mei in hazzelippe, dêr't er twa moannen nei syn berte oan operearre waard troch syn omke, dokter J.S. Holliday, en in neef, de ferneamde dokter Crawford Long. Neffens har soe Holliday as bern eltse dei oerenlang spraakterapy fan syn mem krigen hawwe. In oare biograaf fan Holiday, Gary L. Roberts, loek yn 2011 yn syn boek Doc Holliday: The Life and Legend it ferhaal oer de hazzelippe yn twifel. Neffens him waard doedestiden wachte oant bern in jier as twa wiene foar't sa'n oandwaning operearre waard, en soe in operaasje twa moannen nei de berte sa revolúsjonêr west hawwe dat dêr perfoarst melding fan makke wie yn 'e pleatslike of sels de lanlike media.
Holliday waard presbyteriaansk (kalvinistysk) grutbrocht, en wie in oantroude neef fan Margaret Mitchell, de (lettere) skriuwster fan 'e roman Gone with the Wind. Yn 1864, doe't Holliday trettjin jier wie, ferfear de húshâlding nei Valdosta (Georgia), dêr't syn mem op 16 septimber 1866 oan tuberkuloaze kaam te ferstjerren, doe't hysels fyftjin jier wie. In fearnsjier letter wertroude syn heit mei in Rachel Martin.
Oplieding en wurk Yn Valdosta genoat Holliday ûnderwiis oant it Valdosta Ynstitút, dêr't er in drege klassike grûnslach krige, besteande út retoryk, grammatika en wiskunde. Hy learde der ek frjemde talen, yn 't foarste plak Latyn, mar ek Frânsk en wat Aldgryksk. Yn 1870, doe't er njoggentjin jier wie, gie Holliday út 'e hûs om yn Philadelphia, yn Pennsylvania, in oplieding ta toskedokter te folgjen oan it Pennsylvaansk Kolleezje foar Toskhielkundige Sjirurzjy (dat letter opgean soe yn 'e Skoalle foar Toskhielkunde fan 'e Universiteit fan Pennsylvania). Hy studearre ôf yn maart 1872, fiif moannen foar syn ienentweintichste jierdei, wat problematysk wie yn 'e sin dat er mearderjierrich (yn dy tiid 21 jier) wêze moast om yn syn thússteat Georgia as toskedokter oan it wurk te kinnen.
Wierskynlik om dy reden gie Holliday nei syn ôfstudearjen net nei hûs. Ynstee wurke er in skoft yn St. Louis as assistint yn 'e praktyk fan in klasgenoat, in A. Jameson Fuches jr. Tsjin ein july kearde er werom nei Georgia, dêr't er ynloek by in omke fan sines yn Atlanta wylst er dêr in wurkpaad as toskedokter begûn. Hy fûn datoangeande in baan as ferfanger fan 'e foaroansteande toskedokter Arthur C. Ford, dêr't er lykwols mar oant desimber fan dat jier wurke. Holliday begûn dêrnei in eigen toskedokterspraktyk, mar begjin 1873 gied er foar hoastjen dat mar net ophâlde woe, nei in dokter dy't by him tuberkuloaze fêststelde. Der waard him oansein dat er noch mar in pear moannen te libjen hie, mar Holliday ornearre dat er dy perioade oprekke koe as er nei it Súdwesten ferfear, mei't de drûgere lucht dêre it ferrin fan 'e sykte fertraagje kinne soe.
Iere jierren as gokker en revolverman Yn septimber 1873 ferfear Holliday nei Teksas, dêr't er mei in oare jonge toskedokter út Georgia, in John A. Seegar, in praktyk oprjochte yn Dallas. Hy begûn dêr te gokken, benammen troch poker te spyljen mei ynset fan jild, en murk al rillegau dat soks him in stabilere boarne fan ynkomsten joech as syn toskedokterspraktyk, mei't pasjinten der in in hekel oan hiene om by him te kommen omreden fan syn hoastjen. (Pas yn 1885 waard bekend dat tuberkuloaze in besmetlike sykte is, en foartiid waarden der sadwaande gjin foarsoarchsmaatregels nommen om fersprieding foar te kommen.) Op 12 maaie 1874 waard Holliday yn Dallas mei tolve oaren oanklage foar yllegaal gokken, en yn jannewaris 1875 waard er arrestearre om't er yn in sjitpartij mei in saloonútbater behelle rekke wie. By dat lêste ynsidint wie aldergeloks nimmen ferwûne rekke en Holliday waard derfan frijsprutsen. Hy ferpleatste syn praktyk nei Denison (Teksas), mar nei't er dêre skuldich befûn wie oan yllegaal gokken en dêrfoar beboete waard, besleat er Teksas te ferlitten.
Dat, Holliday sette ôf en reizge mei de postkoets nei Denver ta, yn Kolorado, wêrby't er ûnderweis oernachte yn ferskate forten fan it Amerikaanske Leger, dêr't er syn feardichheden mei pokerspyljen fierder opskerpje koe. Yn 'e simmer fan 1875 sette er him yn Denver nei wenjen ûnder de skûlnamme Tom Mackey. Hy wurke as krûpier yn in horekagelegenheid dy't Theatre Comique hiet en eigendom wie fan in John A. Babb. Dêr waard Holliday fan 'e kliïntêle gewaar dat der goud ûntdutsen wie yn Wyoming, dat op 5 febrewaris 1876 ferfear er nei Cheyenne (Wyoming), dêr't er oan it wurk koe as krûpier foar Babb syn sakepartner Thomas Mills, yn in saloon dy't de Bella Union hiet. Mills ferhuze yn 'e hjerst fan dat jier de hiele saloon nei Deadwood (Súd-Dakota), dêr't er hope te profitearjen fan 'e Goudkoarts fan 'e Black Hills, en Holliday gie mei.
Yn 1877 kearde Holliday fia Cheyenne werom nei Denver, dêr't er wei trochreizge om yn Kansas in muoike fan sines te besykjen. Ut Kansas wei kearde er werom yn Teksas, dêr't er him as gokker nei wenjen sette yn Breckenridge. Dêre rekke er op 4 july 1877 behelle yn in konfrontaasje mei in oare gokker, in Henry Kahn, dy't fan Holliday ferskate kearen mei de gongelstôk op 'e hûd krige. Beide mannen waarden arrestearre en beboete, mar letter dy deis kaam Kahn Holliday oer it mad en skeat him del, wêrby't er him slim ferwûne. Holliday helle it by de dea om 't ôf en de krante de Dallas Weekly Herald rapportearre op 7 july al syn ferstjerren, mar dat wie in fersin. Holliday syn neef George Henry Holliday kaam oer út Georgia om him te ferpleegjen, en ûnder dy syn fersoarging bettere er wer hielendal op.
Neitiid ferfear Holliday nei Fort Griffin, ek yn Teksas, dêr't er Big Nose Kate mette (eins Mary Katharine Horony, 1849-1940), in prostituee fan Hongaarsk komôf mei wa't er in langjierrige relaasje begûn. Yn Fort Griffin waard Holliday troch in mienskiplike freon, John Shanssey, ek yn 'e kunde brocht mei de revolverman Wyatt Earp, dy't neitiid syn bêste freon waard. Doe't Earp yn 1878 út Teksas wei ôfsette nei Dodge City (Kansas), dêr't er helpmarshal wurde koe ûnder Charlie Bassett, gie Holliday mei. Harren bân waard foargoed bestindige doe't Holliday, letter dat jiers yn Dodge, Earp yn in saloon ferdigene tsjin in groep cowboys dy't him dea hawwe woene en dêrmei, sa joech Earp sels grif ta, syn libben rêde. Tsjin dy tiid fertsjinne Holliday syn libbensûnderhâld as gokker, wylst syn toskedokterij mar in lytse byfertsjinste wurden wie.
Hoewol't Holliday de reputaasje hie in deadlike revolverman te wêzen, hat modern ûndersyk net folle gefallen opdolle kinnen wêrby't er immen delskeat. De konfrontaasje mei de lulke kliber cowboys dy't efter Earp oansiet yn Dodge City yn 1878 wie ien sa'n gefal. In oar soksoartich barren foel foar op 19 july 1879, doe't Holliday mei in oare revolverman, John Joshua Webb, oanstiek yn in saloon yn Las Vegas (Nij-Meksiko). In eardere ferkenner foar it Amerikaanske Leger, in Mike Gordon, besocht ien fan 'e servearsters, mei wa't er earder in relaasje hân hie, safier te krijen dat se mei him útnaaie soe. Doe't se him ôfstegere, stoarme Gordon breinroer nei bûten ta. Neffens ien ferslach fan it barren loek er doe syn revolver en begûn de saloon te besjitten. Neffens in oar ferslach skeat er op Holliday doe't dy him nei bûten ta folge. Yn elts gefal loek Holliday syn eigen fjoerwapen en skeat Gordon del. Doe't dy de deis dêrop stoar, naam Holliday it wisse foar it ûnwisse en joech him ôf út Las Vegas.
Tombstone en de Sjitpartij by de O.K.-Kraal Yn septimber 1880 bedarre Holliday troch syn freonskip mei Wyatt Earp yn Tombstone (Arizona), in plakje dat grut wurden wie nei't der sulver fûn wie. Wyatt Earp wie dêr yn 1879 arrivearre en wie neitiid helpsheriff fan Pima County wurden ûnder sheriff Charlie Shibell, wylst syn âldere broer Virgil Earp de pleatslike marshal wie. De bruorren Earp rekken dêr út 'e hoedanichheid fan harren funksjes behelle yn in oangeande fete mei in binde dy't The Cowboys neamd waard. Neffens guon ferzjes fan it ferhaal frege Wyatt Earp, doe't er foar it ferstân krige dat er yn 'e swierrichheden siet, Holliday mei sin om nei Tombstone te kommen om in ekstra man oan syn kant te hawwen dy't er fertrouwe koe. Yn elts gefal rekke Holliday yn Tombstone troch syn freonskip mei de Earps al rillegau behelle yn 'e pleatslike polityk en it oanboazjende geweld dat úteinlik kulminearre yn 'e ferneamde Sjitpartij yn 'e O.K.-Kraal.
Dy fûn plak op woansdei 26 oktober 1881, doe't in groepke fan The Cowboys yn Tombstone gearkaam by in feekraal oan Fremont Street dy't de O.K.-Kraal hiet. Virgil Earp hearde dêrfan, en besleat yn syn hoedanichheid as stedsmarshal dat de mannen ûntwapene wurde moasten. Hy frege syn bruorren Wyatt en Morgan en Doc Holliday om him dêrby te helpen. Wyatt wie op dat stuit tydlik assistint-U.S. marshal, Morgan wie helpstedsmarshal, en Virgil swarde Holliday spesjaal foar dy gelegenheid ek yn as helpstedsmarshal. Holliday bewapene himsels mei in ôfseage jachtgewear sa't byriders fan postkoetslinen dy doedestiden by har hiene. Hy ferburch it wapen ûnder in lange jas. Virgil Earp naam de gongelstôk fan him oer, en troch net oerdúdlik bewapene te wêzen, besocht er de boargers fan Tombstone gerêst te stellen en de konfrontaasje mei de Cowboys freedsum te hâlden.
Middeis omtrint 15.00 oere setten se fjouweresom nei de O.K.-Kraal ta. Dêr troffen se fiif leden fan The Cowboys oan. Doe't Virgil oanjoech dat se harren wapens opjaan moasten, briek der in sjitpartij út. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, syn broer Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Holliday krige in skampskot. Wyatt wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam.
By in formeel ûndersyk en in harksitting waard neitiid fêststeld dat de bruorren Earp en Holliday gjin wetten oertrêde hiene by de sjitpartij. De Cowboys leine har dêr net by del, en de sitewaasje boaze al rillegau oan. Virgil Earp waard yn desimber 1881 yn in mûklaach lokke en rekke permanint ynfalide, en yn maart 1882 waard Morgan Earp fermoarde. Dêrnei namen Virgil Earp en syn húshâlding en oare leden fan 'e Earp-famylje de wyk nei feiliger oarden. De Earp Vendetta Ride Wyatt Earp, dy't noch altyd assistint-U.S. marshal wie, stalde in eigen posse gear, besteande út syn bruorren James en Warren, Doc Holliday, Sherman McMaster, Jack "Turkey Creek" Johnson, Hairlip Charlie Smith, Dan Tipton en Texas Jack Vermillion. Mei't de doetiidske sheriff fan Pima County, Johnny Behan, by The Cowboys belutsen wie en se dêrom fûnen dat se net mear op 'e autoriteiten fertrouwe koene, namen dy mannen de wet yn eigen hân en sette se útein mei in wraakkampanje dy't bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride.