Jochem Simon Uytdehaage (Utert, 9 july 1976) is in earder Nederlânsk reedrider.

Hy die fjouwer kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fiif kear oan it Europeesk kampioenskip en ien kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2002). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, twa kear Europeesk kampioen en twa kear Olympyske kampioen. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Op 28 septimber 2004 waard Uytdehaage opnaam yn it brânwûnesintrum fan Beverwyk nei in ûngelok mei syn auto op de autodyk A27 by Hilfertsom. Troch it ûngelok die Uytdehaage by de start fan it seizoen 2004/2005 it in stik minder, by de NK ôfstannen en koe er him net foar de wrâldbeker wedstriden pleatse. Mei in fjirde plak by it NK allround koe er him al foar it EK allround yn Thialf op It Hearrenfean pleatse dêr't er foar de twadde kear Europeesk kampioen allround waard. Yn 2007 hold Uytdehaage op mei reedriden op heech nivo. Nei syn ôfskied as topsporter soe Jochem Uytdehaage workshops en ynspiraasjesesjes jaan foar organisaasjes.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,2719 novimber 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter1.11,3624 febrewaris 2001 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.44,5719 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.43,2816 maart 2001 Olympic Oval, Calgary5 km6.14,669 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City10 km12.58,9222 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City

Resultaten jier NKAllround NKOfstannen EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 199618e 1500 m, 8ste5 km, 13e 199721ste 19981500 m, 17e5 km, 11e10 km, 6e 19991500 m, 15e5 km, 8ste10 km, 5e 20005e1500 m, 9e5 km, 4e10 km, 20015 km, 4e10 km, 4e10e10 km, 7e2002 1500 m, 11e5 km, 5e 1500 m, 5 km, 10 km, 20038ste1500 m, 7e5 km, 4e 5 km, 20041500 m, 4e5 km, 10 km, Net finisht 20054e1500 m, 13e5 km, 13e10 km, 6e5e10 km, 7e2006 1500 m, 7e5 km, 6e11e 20079e1500 m, 16e5 km, 9e10 km, 8ste

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1976