Adriana Johanna (Ria) Visser (Ald-Beierlân, 20 july 1961) is in earder Nederlânsk reedrydster, analiste foar de NOS en skriuwster.

Visser die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1980 en 1984). Sy behelle ien sulveren medalje op 1500 de Olympyske Spullen fan 1980 yn Lake Placid, Ria Visser waard al fiif kear Nederlânsk kampioene allround. Yn 1988 stopte Visser mei reedriden op heech nivo.

Yn 1991-1992 wie Ria de presintatrise fan it spulprogramma De Sleutels fan Fort Boyard fan de AVRO. Yn 2001 publisearre sy in berneboek: Naar de start! Ek skreau hja foar it froulju's tydskrift Margriet. Fan 2003 ôf wurke Visser foar de NOS as analiste by de reedrydútstjoeringen op telefyzje. Yn de jierren dêrfoar fersoarge se mei it kommentaar by de reedrydwedstriden foar froulju. Yn 2010 krige Visser dien as analiste. Ria Visser hat twa kear boaske west, en hat út har twadde houlik in dochter.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,2317 desimber 1983 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1000 meter1.25,7627 desimber 1981 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter2.07,0617 desimber 1983 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell3 km4.29,1326 desimber 1984 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km7.40,686 desimber 1987 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier NKAllround NKSprint NKOfstannen EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1979 6e 1980 14e27ste1500 m, 3 km, Net finisht19815e 1982 12e9e 198323ste 12e9e 19844e 500 m, 30ste1500 m, 13e3 km, 25ste1985 4e 198618e 10e9e 198811e 1500 m, 8ste3 km, 5 km, 5e

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer‎ Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1961