John Wick: Chapter 3 – Parabellum, ek bekend as John Wick 3: Parabellum, John Wick: Chapter 3 of koartwei as John Wick 3, is in Amerikaansk-Italjaanske neo-noir-aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Halle Berry. De titel betsjut "John Wick: Haadstik 3 – Parabellum"; Parabellum ferwiist nei it Latynske sitaat Si vis pacem, para bellum ("Wa't frede siket, moat risselwearje foar oarloch"). De film is it trêde diel út 'e John Wick-filmsearje, en folget as sadanich op John Wick: Chapter 2, út 2017. It ferhaal folget hiermoardner John Wick, dy't no fûgelfaai ferklearre is, wylst er flechtsje moat en der oeral lju op 'e loer lizze dy't de priis dy't op syn holle set is, ynkassearje wolle troch him te fermoardzjen. John Wick: Chapter 3 – Parabellum ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel, John Wick: Chapter 4, sil, nei't it no liket, útkomme yn 2023.
Plot John Wick: Chapter 3 – Parabellum begjint sekuer op it punt dêr't John Wick: Chapter 2 ophold. Hiermoardner John Wick hat ôfweefd mei Santino d'Antonio, in baas fan 'e Camorra (de Napolitaanske maffia), troch him dea te sjitten. Dat hat er dien yn it Continental Hotel yn New York, dat eins neutrale grûn hjit te wêzen foar leden fan 'e ûnderwrâld. Winston, de hotelmanager, hat dêrom gjin oare kar as om Wick te 'ekskommunisearjen'. Om't hy en Wick goekunde binne mei in lang ferline fan ûnderlinge gedoente, lit er dy ekskommunikaasje lykwols pas oer in oere yngean, wat Wick de kâns jout om in foarsprong op te bouwen. Dêr hat er wol ferlet fan, want de Hege Tafel, it heechste berie fan alle organisearre misdie yn 'e wrâld, dêr't D'Antonio lid fan wie, set in priis fan $14 miljoen op syn holle. Sadwaande tilt it op fan 'e moardners dy't him ombringe wolle.
Wick betellet in taksysjauffeur om syn hûn yn it Continental Hotel by de resepsjonist, Charon, te bringen, dy't alris earder op it bist past hat. Sels bejout er him nei de Iepenbiere Bibleteek fan New York, dêr't er út in útholle boek in roazekrâns hellet en in "marker", in medaljon dat in skuld oanjout. Yn 'e bibleteek komt de reuseftige hiermoardner Ernest Wick oer it mad, hoewol't syn ekskommunikaasje winliken noch net yngien is. Ernest hâldt it der lykwols op dat nimmen dat hoecht te witten. Wick makket Ernest dea, mar rekket ferwûne oan it skouder. Hy hastiget him nei de wente fan 'e âlde dokter dy't ferbûn is oan it Continental en dy't him alris earder oplape hat, en komt dêr mei noch fiif minuten te gean oan 'e doar. De dokter begjint de stekwûne te hechtsjen, mar de ekskommunikaasje giet yn ear't er klear is. Wick makket it putsje sels dien, mar de dokter ornearret nimmen dat leauwe sil. Dêrom freget er Wick om him twa skotwûnen ta te bringen foar't er ôfset.
Nei't er de wente fan 'e dokter ferlit, wurdt Wick al rillegau efterfolge troch in groep moardners fan 'e Sineeske Triaden, dy't er ferslacht en deadet by in fjochtpartij yn in museum dêr't âlde messen, revolvers en bilen útstald binne. Letter komme guon leden fan 'e Italjaanske maffia him tenei, mar hy lokket harren mei nei in stâl foar hynders dy't de rydtugen lûke yn Central Park, dêr't er mei ferskaten koarte metten makket troch de hynders safier te krijen dat dy harren tsjin 'e holle oan wâdzje. Hy stelt in hynder en ferlit de stâl ridendewei, mar kriget dan twa motors efter him oan. Ek mei de motorriders slagget it him om ôf te weven, benammen om't it hynder der sels om tinkt dat it nearne by op fjouweret, wylst de motorriders blykber net tagelyk fjochtsje en stjoere kinne.
Sa wit Wick lang om let it haadkertier fan it misdiesyndikaat te berikken fan 'e Ruska Roma, de Roma út Wyt-Ruslân, de Oekraïne en westlik Ruslân. Dat is fêstige yn in skouboarch, dêr't it haad fan it syndikaat, de 'Direktrise', op ûnmeilydsume wize tatoeëarre famkes traint ta ballerina. It docht bliken dat de wiere namme fan Wick eins Jardani Jovonovitsj is, en dat er in wees fan 'e Ruska Roma is. Hy hâldt de Direktrise de roazekrâns foar en easket dat de skuld fan 'e Ruska Roma oan him foldien wurdt. Hja stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn, nimt de roazekrâns oan en lit him op 'e rêch brânmerkje, ta teken dat syn skuld foldien is en dat er nea wer weromkomme mei. De priis dy't Wick fan har easket is feilige trochtocht nei Kasablanka.
Underwilens arrivearret der in froulike Arbiter fan 'e Hege Tafel yn New York, dy't moetings hat mei Winston, de manager fan it Continental Hotel, en mei de Kening fan 'e Bowery (de misdiedigerswyk fan New York). Beiden krije fan har sân dagen om harren posysje op te jaan, Winston om't er Wick in foarsprong fan in oere jûn hat, en de Kening fan 'e Bowery om't er Wick in fjoerwapen jûn hat om tsjin Santino d'Antonio te brûken (sjoch: John Wick: Chapter 2). Beiden wegerje. De Arbiter hiert Zero en syn learlingen yn, in groep etnysk Japanske hiermoardners, mei wa't se de skouboarch fan 'e Ruska Roma binnenkringt en boetedwaning easket fan 'e Direktrise foar har help oan Wick. Dy boetedwaning nimt de foarm oan fan in swurd dat Zero troch har beide hannen stekt.
Yn Kasablanka moetet Wick Sofia al-Azwar, in eardere hiermoardneresse mei wa't er yn it ferline befreone wie en dy't no de manager is fan it Marokkaanske Continental Hotel. Se soarget derfoar dat er net deasketten wurdt sadree't er him sjen lit, mar se is bepaald net bliid mei syn ferskining op har gerjochtichheid. Wick hellet lykwols de marker foar 't ljocht dy't er yn 'e bibleteek út it boek helle hat. It docht bliken dat Sofia djip by him yn 'e skuld stiet om't er holpen hat har dochter te beskermjen en it fanke in nij libben besoarge hat dêr't net ien fan Sofia har fijannen har fine kinne sil. Foar it lykmeitsjen fan dy skuld wol Wick dat Sofia him yntrodusearret by har eardere wurkjouwer Berrada. Sofia stimt mei tsjinnichheid ta en begeliedt him mei har hiemhûnen, in pear goed ôfrjochte Dútske hardershûnen, nei Berrada.
Dêr oankommen freget Wick oan Berrada om him te fertellen wêr't er de Aldste fine kin, de iennichste persoan yn 'e wrâld dy't boppe de Hege Tafel stiet. Berrada seit dat er dan rinnende de woastyn yn gean moat en trochrinne moat oant er sa goed as dea is, en dan noch wat fierder. Dan sil de Aldste him fine, of miskien ek wol net, krekt sa't it de Aldste sinniget. Yn ruil foar dy ynformaasje easket Berrada ien fan Sofia har hûnen op. As sy wegeret dy ôf te stean, sjit er it bist del om har in leske te learen. Om't de beide hûnen kûgelfrije festen drage, oerlibbet it bist dat. Sofia ûntstekt yn razernij, en hoewol't Wick it har ôfriedt, hellet se fan ûnder it kûgelfrije fest fan 'e oare hûn in pistoal te foarskyn en falt Berrada-en-dy dêrmei oan. Yn in wyld gefjocht deadzje Wick en Sofia al Berrada syn trewanten. Berrada sels wurdt yn it krús biten troch de hûn dy't er besketten hie en dêrnei troch Sofia yn 'e knibbel sketten. Neitiid riidt Sofia Wick in ein de woastyn yn, dêr't se him efterlit. Hy giet rinnendewei djipper yn 'e woastyn op, oant er derhinne falt fan útdrûgingsferskynsels.
Underwilens komme de Arbiter en Zero by de Kening fan 'e Bowery, dy't noch altyd wegeret syn troan op te jaan. Dêrop slachtsje de learlingen fan Zero de trewanten fan 'e Kening fan 'e Bowery ôf, wylst him sels troch Zero sân grutte japen mei in wakizashi-swurd tabrocht wurde by wize fan boetedwaning foar de sân kûgels dy't er oan Wick jûn hie.
Yn 'e Sahara wurdt de bewusteleaze Wick fûn en by de Aldste brocht. As er wer by sûpe en stút is, freget de Aldste wêrom't er him socht hat. Wick antwurdet dat er in kâns hawwe wol om it libben te behâlden, sadat er de neitins oan syn frou Helen silger bewarje kin. De Aldste biedt him dan ferjeffenis foar al syn oertrêdings fan 'e regels oan. Yn ruil dêrfoar moat er weromgean nei New York en Winston deadzje en foar altyd as hiermoardner de Hege Tafel tsjinje. Dêropta wol de Aldste no fuortendaliks in teken fan syn tsjinstberens hawwe; Wick hout de ringfinger fan syn lofterhân ôf en jout syn trouring oan 'e Aldste.
Werom yn New York wurdt Wick troch Zero en syn learlingen oanfallen, mar hy wit krekt op 'e tiid it Continental Hotel te berikken, dêr't Zero-en-dy him neat dwaan kinne omreden fan 'e neutrale status fan it gebou. Wick hat in petear mei Winston, dy't him bepraat om net te dwaan wat er de Aldste ûnthjitten hat; want wat hat Wick deroan as er de neitins oan syn frou yn libben hâldt, as er dy neitins tagelyk ûntwijt mei syn wize fan libjen, as in slaaf fan 'e Hege Tafel? De Arbiter komt del, en as Winston wegeret syn funksje op te jaan, en Wick wegeret him te deadzjen, lûkt hja de neutrale status fan it Continental Hotel yn. Alle gasten en personielsleden ferlitte it hotel, wêrnei't Wick, Winston en Charon de resepsjonist harren yn it gebou ferskânzje. De Arbiter stjoert sawol Zero en syn learlingen as in pear touringcarfollen trewanten fan 'e Hege Tafel op harren ôf, mar mei help fan Charon weeft Wick earst ôf mei de fersterkings, om it dêrnei allinne yn in spektakulêr gefjocht op te nimmen tsjin Zero-en-dy. Hy deadet harren allegear, útsein twa learlingen dy't harsels mei behâld fan ear oerjouwe as se ferslein binne. It lêste fan allegear befjochtet Wick Zero sels, dy't er nei in lange striid efterlit mei in swurd troch it boarst.
Neitiid stimt de Arbiter ta yn ûnderhannelings mei Winston, dy't de útkomst fan it gefjocht kalmkes yn syn kantoar ôfwachte hat. De ûnderhannelings fine plak op it plat dak fan it hotel. Winston biedt oan om fannijs trou te swarren oan 'e Hege Tafel, op betingst dat er manager fan it Continental Hotel bliuwe mei. De Arbiter begrypt dat de hiele skermutseling inkeld en allinne bedoeld wie sadat Winston syn krêft en dêrmei syn wearde foar de Hege Tafel bewize koe. Sy stimt yn mei syn foarstel, mar wol al witte hoe't it no komt mei Wick, dy't de ûnderhannelings mei oanboazjende erchtinkendheid oansjoen hat. Winston antwurdet dat it net oars kin as Wick moat dea. Dêrop lûkt er in pistoal en sjit Wick del, dy't oer de râne fan it dak kneppelet en nei de strjitte dêr fier ûnder falt, wêrby't syn fal brutsen wurdt troch ferskate balkons. As de Arbiter letter it hotel ferlit, naait Wick syn hûn út. As se om 'e hoeke fan it gebou sjocht, docht bliken dat it stoflik omskot fan Wick net mear op it plak leit dêr't er (nei't sy en Winston) oannommen hiene, te pletter fallen is. De Arbiter keart werom nei Winston en oarderet him om Wick te sykjen en syn dea te bewissigjen. "Och," seit Winston, "hoe fier kin er komme?"
Underwilens wurdt de swierferwûne Wick yn in winkelkarke troch in swerver meifierd en yn in ûndergrûnske bunker foar de troan fan 'e ek al slim ferwûne Kening fan 'e Bowery brocht. Dyselde fertelt him dat er fynt dat it tiid wurdt om 'e Hege Tafel te learen: as je in kening snije dan snije je troch oant er dea is. Want hysels is no echt pisnidich. Hy freget Wick oft dy ek net pisnidich is. "Ja," seit John Wick.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise John Wick Keanu Reeves Sofia al-Azwar, de manager fan it Continental Hotel Kasablanka Halle Berry
byrollen personaazje akteur/aktrise Winston, de manager fan it Continental Hotel New York Ian McShane de Arbiter Asia Kate Dillon de Kening fan 'e Bowery Laurence Fishburne de Direktrise fan 'e Ruska Roma Anjelica Huston Zero Mark Dacascos Charon, de resepsjonist fan it Continental Hotel New York Lance Reddick Berrada Jerome Flynn de Aldste Saïd Taghmaoui de dokter Randall Duk Kim Ernest Boban Marjanović shinobi #1, ien fan 'e learlingen fan Zero Cecep Arif Rahman shinobi #2, ien fan 'e learlingen fan Zero Yayan Ruhian Earl Tobias Segal de Tillefoniste Margaret Daly de Administrateur Robin Lord Taylor bibletekaresse Susan Blommaert Huang, in hiermoardner fan 'e Triaden Roger Yuan in oare hiermoardner fan 'e Triaden Tiger Chen swerver mei djoer horloazje Jason Mantzoukas
Produksje en distribúsje Produksje