Wilhelmina (Wil) Vel-de Beer (Medemblik, 5 septimber 1942) is in earder Nederlânsk reedrydster.
Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en ien kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1964), mar wûn by dizze kampioenskippen gjin medaljes. De Beer waard twa kear Nederlânsk kampioen allround, Yn 1962 wie Wil de earste Nederlânsk kampioene allround op keunstiis op de doe krekt iepene Jaap Edenbaan. In jier letter yn 1963 waard sy op de Natoeriisbaan Stedspark yn Grins ek de lêste Nederlânsk kampioene op natoeriis, dêrnei waarden alle Nederlânske Kampioenskippen allround op keunstiis hâlden.
By it Wrâldkampioenskip Allround yn 1963 wie De Beer de tredde Nederlânske frou ea dy't op in Wrâldkampioenskip útkaam, nei Gonne Donker en Rie Meijer. Yn 1964 wie de Wil De Beer yn Innsbruck de earste Nederlânske froulike langebaanrider, dy 't oan de Olympyske Winterspullen mei die. Yn 1967 stopte de Beer mei reedriden op heech nivo.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 48,431 jannewaris 1966 Rosendalsbanen, Brandbu1000 meter1.38,122 febrewaris 1963 Wind Park Skating Rink, Karuizawa1500 meter2.29,521 febrewaris 1963 Wind Park Skating Rink, Karuizawa3 km5.18.931 jannewaris 1966 Rosendalsbanen, Brandbu
Resultaten jier NKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 195917e 1962 196314e196414e1000 m, 17e1500 m, 16e3 km, 27ste1966 19675e
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1942