Star Wars: Forces of Destiny is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2017 oant en mei 2018. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Krêften fan Lotsbestimming". Star Wars: Forces of Destiny is net in ferfolchsearje mar in blomlêzing fan op harsels steande ôfleverings, wêryn't eltse kear (op twa ôfleverings nei) in froulik personaazje út 'e Star Wars-franchise beljochte wurdt. Yn totaal waarden der 32 ôfleverings makke.

Produksje De produksje fan Star Wars: Forces of Destiny waard op 12 april 2017 oankundige, en op 14 april waard der in spesjale preview fan 'e tekenfilmsearje jûn by de Star Wars-fiering yn Orlando. De searje waard ûntwikkele troch Dave Filoni, Carrie Beck en Jennifer Muro. Jacqueline López wie as tillefyzjeprodusinte by it projekt belutsen foar tekenfilmstudio's Lucasfilm Animation en Ghostbot, wylst Filoni en Beck as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje hiene. De titelmuzyk en de soundtrack wie it wurk fan Ryan Shore.

De distribúsje fan Star Wars: Forces of Destiny waard fersoarge troch it Disney Digital Network. De searje waard útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder The Disney Channel. Star Wars: Forces of Destiny rûn twa seizoenen, fan july 2017 oant en mei maaie 2018. Der waarden yn totaal 32 ôfleverings makke fan elts likernôch 2 oant 3 minuten. It wie de earste tekenfilmsearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise sûnt Star Wars: Clone Wars út 2003-2005 dy't gebrûk makke fan twadiminsjonale animaasje. Alle ôfleverings fan Star Wars: Forces of Destiny binne ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt Star Wars: Forces of Destiny is gjin ferfolchsearje, mar in soarte fan blomlêzing, wêrfan't alle ôfleverings op harsels steane en gauris oare haadpersoanen hawwe. Oer it algemien beljochtet eltse ôflevering in froulik personaazje út 'e Star Wars-franchise, lykas Ahsoka Tano, Rey, Hera Syndulla, Padmé Amidala, prinsesse Leia Organa, Qi'ra, Jyn Erso, Maz Kanata, Rose Tico en Sabine Wren. Foar twa ôfleverings jildt dat lykwols net. Dêrby giet it om The Path Ahead (ôfl. 7 fan seizoen 2) en Porgs! (ôfl. 12 fan seizoen 2). Dy ôfleverings geane oer Luke Skywalker, resp. Chewbacca.

Rolferdieling haadrollen personaazje                       akteur/aktrise voice-over Lupita Nyong'o Ahsoka Tano Ashley Eckstein Qi'ra Olivia Hack Padmé Amidala Catherine Taber Hera Syndulla Vanessa Marshall Maz Kanata Lupita Nyong'o Rey Daisy Ridley Jyn Erso Felicity Jones (seiz. 1)Helen Sadler (seiz. 2) Sabine Wren Tiya Sircar Rose Tico Kelly Marie Tran prinsesse Leia Organa Shelby Young Ketsu Onyo Gina Torres Luke Skywalker Mark Hamill

wichtichste byrollen personaazje akteur/aktrise             Jedi-ridder Anakin Skywalker Matt Lanter Hondo Ohnaka Jim Cummings Jedi-master Yoda Tom Kane Ezra Bridger Taylor Gray Tristan Wren Ritesh Rajan Finn John Boyega C-3PO Anthony Daniels

Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk1163 july 20171 novimber 2017The Disney Channel21619 maart 201825 maaie 2018

Untfangst en resultaat De webside SyFy Wire neamde Star Wars: Forces of Destiny "in geweldich idee op 'e siik nei in folle bettere útfiering". Dat oardiel waard sa fertsjutske: "Wat in frousintryske ferzje fan Genndy Tartakovsky syn Star Wars: Clone Wars út 2003 wêze kinnen hie, is ynstee in rige ferhalen sûnder ûnderling ferbân, op basis fan in tipelsinnige fisuele estetyk. […] Ek al is it alderaardichst om te sjen dat dizze froulike personaazjes wat mear byldtiid krije, dochs is it noch net genôch."

Keppelings om utens Offisjele webside fan Star Wars: Partners of Destiny De titelmuzyk fan Star Wars: Forces of Destiny op YouTube Ynformaasje oer Star Wars: Forces of Destiny yn 'e Internet Movie Database

Forces of Destiny Kategory:Amerikaanske tekenfilmsearje Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Amerikaanske bernesearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Science fiction-tekenfilmsearje Kategory:Aventoeretekenfilmsearje Kategory:Aksjetekenfilmsearje Kategory:Fantasytekenfilmsearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2017 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij Kategory:Telefyzjesearje oer in oarloch Kategory:Telefyzjesearje oer in opstân