Vampire Academy is in Amerikaansk-Britske fantasy-horrorkomeedzje en jeugdfilm út 2014 ûnder rezjy fan Mark Waters, mei yn 'e haadrollen Zoey Deutch en Lucy Fry. De titel betsjut "Fampiere-akademy". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Richelle Mead. It ferhaal giet oer de 17-jierrige Rose Hathaway, in dhampir (heal-fampier), dy't de beskermster is fan har bêste freondinne Lissa Dragomir, in moroi (goedaardige fampier). De film folget dat twatal as se weromkeare nei de Akademy fan Sint-Vladimir om harren opliedings ôf te meitsjen nei't se in jier lang op 'e flecht west hawwe. Vampire Academy krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen. De plande ferfolchfilms waarden neitiid skrast. Yn 2021 waard der by wize fan reboot in tillefyzjesearje makke.
Plot Rose Hathaway is in santjinjierrige dhampir (heal-fampier) en beskermster yn oplieding. Har bêste freondinne is de like âlde prinsesse Lissa Dragomir, in moroi, oftewol in stjerlike, goedaardige fampier mei in minsklike libbensspanne. Lissa heart ta ien fan 'e tolve keninklike famyljes fan 'e moroi, dy't om bar regearje. Sy en Rose binne de oerlibbenen fan in needlottich ferkearsûngemak, feroarsake troch ien dy't mei drank op efter it stjoer siet, wêrby't Lissa har heit en mem en har âldere broer Andre omkommen binne. Sûnt it ûngemak diele Rose en Lissa in telepatyske bân, dy't lykwols ienrjochtingsferkear fan Lissa nei Rose is en boppedat inkeld út en troch wurket. Tegearre binne se in jier lyn (en in jier nei it ûngemak) de Akademy fan Sint-Vladimir ûntflechte, in kostskoalle foar jonge dhampir en moroi fan oer de hiele wrâld, dêr't de moroi traind wurde yn 'e behearsking fan magy, wylst dhampir dêr oplaat wurde ta liifwachten fan 'e moroi. Sûnt libje se ûnderdûkt, de lêste tiid yn Portland (Oregon).
Dêre wurde Rose en Lissa opspoard troch in team fan dhampir-beskermers û.l.f. Dimitri Belikov, dy't de wichtichste fjochtsportynstrukteur fan 'e Akademy fan Sint-Vladimir is. Under twang wurde de beide famkes meinommen werom nei de kostskoalle. Underweis wurdt it konfoai fan in stikmannich auto's oanfallen troch in kloft strigoi, dy't ferskate dhampirs deadzje foar't Dimitri regaad makket en mei harren ôfweeft. (Strigoi binne de boasaardige ûndeade fampieren út 'e leginden fan East-Jeropa, dy't harren slachtoffers deadzje troch al harren bloed op te drinken. In strigoi ûntstiet as in moroi opsetlik of by fersin syn selsbehearsking ferliest en in 'fieder' of 'fiedster' ombringt.)
Arrivearre oan 'e Akademy fan Sint-Vladimir wol rektriks Kirova witte wêrom't Rose en Lissa útnaaid binne. Dêr komt gjin dúdlik antwurd op. Kirova wol de beide famkes straffe, mar dat wurdt foarkommen troch trije dingen: de sike prins Victor Dashkov, in freon fan Lissa har âlden silger, docht in goed wurdsje foar harren; Dimitri fertelt dat er ûnderweis werom út Portland bewiis sjoen hat dat Rose en Lissa wier in mentale bân diele, dy't út en troch telepatysk liket te wêzen; en Lissa brûkt in hypnotisearjend-eftige foarm fan magy dy't kompulsje hjit om Kirova ta lankmoedigens te bringen. Neitiid ferfetsje de beide famkes harren opliedings oan 'e kostskoalle, dêr't Lissa lykwols mijd wurdt troch har klasgenoaten. De iennichste freondinne dy't Lissa en Rose oan 'e kostskoalle hawwe, is Nathalie, de wat nerd-ige dochter fan prins Dashkov, dy't sels likemin freonen hat. Rose begjint al rillegau fereale te reitsjen op Dimitri, dy't no har learmaster en mentor is.
Rose en Lissa begjinne mysterieuze boadskippen te finen, wêryn't it libben fan Lissa bedrige wurdt: in nije screensaver dy't troch hacken op har kompjûter upload is; in berjocht skreaun yn bloed op 'e wand fan har keamer; en in oar berjocht by it fandalisearre tinkteken foar har âldelju en broer yn 'e kapel fan 'e akademy. Rose, Lissa en Nathalie fermoedzje dat harren klasgenoate Mia Rinaldi dêrefter sit, dy't foarhinne de faam wie fan Lissa har broer Andre. Nei dy syn dea kaam út dat er ek mei oare famkes omsloech, dat Lissa en Rose tinke dat Mia dêrtroch in hate opfette hat foar it Dragomir-laach dy't se fokust hat op 'e iennichste noch libbene telch út dy famylje: Lissa.
Lissa siket neieroankommen ta Christian Ozera, in klasgenoat fan harres dy't oan 'e kostskoalle op in minne namme leit om't syn beide âlden strigoi wurden binne. As it dernei útsjocht dat hy en Lissa ferkearing krije sille, beskôget Rose it as har plicht as beskermster fan Lissa om dêr it near op te lizzen troch de ûntlûkende relaasje te sabotearjen. Underwilens ûndersiket Rose ek de ferdwining fan Sonya Karp, in leararesse dy't har en Lissa holpen hat om fan 'e Akademy fan Sint-Vladimir út te naaien. Eltse kear as se lykwols tsjin immen de namme fan frou Karp neamt, rint se tsjin in izige muorre fan stilswijen oan. Uteinlik fynt se bylden fan Karp, dy't mentaal labyl wurden wie troch it brûken fan in tige seldsume soarte magy, dêr't men lju it libben mei rêde kin dy't op it rântsje fan 'e dea balansearje.
Mei't se der sels ris tsjûge fan west hat hoe't Lissa it libben fan in krie rêde dy't earne tsjin oan flein wie en de nekke brutsen hie, begjint Rose te fermoedzjen dat Lissa oer deselde soarte magy beskikt as frou Karp. Underwilens wurdt Lissa almar ôfhâldiger en kâlder, wat Rose wyt oan it feit dat har freondinne hieltyd mear gebrûk makket fan kompulsje om yn alle saken har sin te krijen. Om Lissa te rêden, moat se gau-gau sjen út te finen hokfoar magy it is dêr't Lissa oer beskikt, mar Rose is mear in dogger as in tinker, dat se moat help hawwe fan immen dy't thús is yn 'e argiven. Dêrom kloppet se foar help oan by Christian Ozera, dy't har fersyk earst ôfstegeret om't er yn 'e tuskentiid ûntdutsen hat dat Rose derfoar ferantwurdlik is dat Lissa neat mear fan him witte wol. As Rose lykwols seit dat it derom giet om Lissa te rêden, jout Christian ta, mei't er wier fereale op Lissa is. Djip yn 'e argiven fan 'e akademy ûntdekke se dat de nammejouwer fan 'e skoalle, Vladimir fan Kiëv, ek oer de foarm fan magy beskikte dy't frou Karp en Lissa hawwe, en dat dy magy spiritus hjit. Mei spiritus kin Lissa sykten genêze en de stjerrenden rêde, mar dizze foarm fan magy put de libbensenerzjy fan 'e brûker yn hege mjitte út.
As Lissa har kat fermoarde wurdt, ûndernimt Rose aksje om't it mei it narjen no oer de skreef giet. Twa jonges út deselde klasse as sysels en Lissa bekenne dat se yn ruil foar seks Mia holpen hawwe mei de bedrigings en it fandalisme, en Mia jout neitiid itselde ta, mar alle trije ûntstride se dat se Lissa har kat wat oandien hawwe. It foarfal mei de kat makket by Rose oantinkens wekker dy't foar har ferburgen wiene troch frou Karp. Se wit no wer dat Karp dejinge wie dy't har bepraat hat om mei Lissa de Akademy fan Sint-Vladimir te ûntflechtsjen, om't Karp úthold dat Lissa op 'e kostskoalle net feilich wêze soe. By rektriks Kirova stiet Rose derop oan om har ynsjoch te jaan yn 'e geheime ynformaasje yn it dossier fan frou Karp. Dimitri falt har by en seit dat it tiid en mear as tiid is om Rose te fertellen wêr't de stâle fêstsit. Befeiligingskamera's, dêr't Rose de bylden fan te sjen kriget, hawwe fêstlein hoe't frou Karp harsels ta strigoi makke hat troch in fieder te deadzjen, en hoe't se dêrnei út 'e kostskoalle ûntsnapt is. Nimmen hat dêrnei noch wat fan har heard.
Rose besiket Lissa derfan te oertsjûgjen dat se sparsumer mei har magy omgean moat, mar Lissa wol net harkje. Pas as Rose har ankel brekt troch in ûnbedoelde bywurking fan Lissa har oergebrûk fan magy, beseft se dat Rose gelyk hie. Nei't se Rose har ankel genêzen hat, ûntskuldiget se har foar har hâlden en dragen de lêste tiid en fermoedsoenje de beide freondinnen har mei-inoar. Tagelyk krije Lissa en Christian sa súntsjes oan ferkearing, in ûntwikkeling dy't Rose diskear net mear opkeart.
Op in bal foar de learlingen fan 'e kostskoalle wurde Rose en Lissa faninoar skaat. Lissa wurdt ûntfierd, mar troch harren telepatyske bân is Rose tsjûge fan dat barren. Se giet nei Dimitri om help, mar sadree't se him sjocht, ferjit se alles om har hinne en wurde se allebeide oerweldige troch in hommels opkommende weach fan lust. It is Dimitri dy't de kop der noch it meast by hat en op in stuit beseft dat dit gjin normale gefoelens binne. As er it halskeatling, dat Rose fan prins Dashkov krige hat, ôfskuord en yn 'e iepen hurd smyt, ferdwynt de lust by har beiden en kinne se wer tinke. Mei Christian en Gabriela, in oare dhampir, sette se efter de ûntfierders oan.
It docht bliken dat dejinge dy't efter de ûntfiering fan Lissa sit, prins Dashkov sels is. Hy is oanhelle mei it syndroom fan Sandovsky, in groanyske en ûngenêslike sykte, dy't him ûngaadlik makket foar de hearskippij oer de moroi. Hy wol no dat Lissa spiritus brûkt om him te genêzen. Om't syn oandwaning groanysk is, sil se dat hieltyd wer op 'e nij dwaan moatte, dat hy is fan doel om har finzen te hâlden oant se fan útputting stjert. Om Rose ôf te lieden, hat er har it halskeatling jûn, dat baaid is yn in sterk leafdesdrankje. Dashkov lit Lissa martelje troch in bline dy't net fetber is foar har kompulsje oant se tajout en him genêst. Underwilens arrivearje Rose-en-dy by it skûlplak fan Dashkov. Wylst Dimitri en Gabriela har mei grou geweld in paad klearje troch Dashkov syn trewanten, glûpe Rose en Christian troch in syddoar nei binnen ta om Lissa te rêden. Dat falt noch net ta as Lissa tagelyk op eigen manneboet besiket te ûntsnappen, mei as gefolch dat se inoar yn 't earstoan mis rinne.
Op it gazon wurde Lissa, Rose en Christian ynsletten troch Dashkov, dy't Christian delsjit. Sels wurdt er lykwols fuort dêrnei finzen nommen troch Dimitri, mar net foar't er syn boppenatuerlike 'psy-hûnen' op Lissa ôf stjoert. De bisten wurde lykwols ferbrânt troch de fataal ferwûne Christian, dy't it yn uterste need foar it earst yn syn libben slagget om mear as in skiterich lyts flamke te meitsjen. Neitiid rêdt Lissa syn libben troch enerzjy foar spiritus te 'lienen' fia har mentale bân mei Rose.
Werom op 'e Akademy fan Sint-Vladimir wurdt Dashkov finzen set yn in sel yn 'e kelder fan 'e kostskoalle. As er dêr befrege wurdt troch Rose, leit er har út dat har bân mei Lissa ûntstien is trochdat Rose 'tute troch it skaad' is. Dat barde doe't se by it auto-ûngemak dêr't Lissa har âlden en broer by omkamen, sa ticht by de dea kaam is dat se op gjin inkele oare wize mear te rêden wie as troch it gebrûk fan spiritus, dat Lissa doe foar it earst die. Dashkov hie dat al rillegau foar it ferstân, en sûnt smeit er plannen om Lissa har krêften foar syn eigen genêzing te brûken. Wylst se yn petear binne, wurdt Rose beslûpt troch Dashkov syn dochter Nathalie, dy't harsels ûnderwilens op it bal ta strigoi makke hat troch alle bloed op te drinken fan 'e klasgenoat op wa't se fereale wie. Rose en Nathalie reitsje yn gefjocht, mar Rose kin harsels der net ta bringe om Nathalie, dy't lang har freondinne west hat, te deadzjen. Dêrtroch kriget Nathalie de kâns en befrij har heit. As prins Dashkov de kelder ferlitte wol, komt er lykwols Dimitri tsjin, dy't him deamakket. Dêrnei helpt Rose Dimitri om ek Nathalie te ferslaan en om te bringen.