Rolf Göran Claeson (Stockholm, 4 maart 1945) is in earder Sweedsk reedrider.

Claeson die sân kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en oan it Europeesk kampioenskip fiif kear stie er oan de start fan it WK sprint en twa kear die er mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1968, en 1972). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, twa kear Europeesk kampioen allround. Hy waard ek ien kear Sweedsk allround kampioen.

De karriêre fan de Sweed foel krekt yn it tiidrek "Ard" en "Keesie", oant 1972 koe er dan ek allinne sulveren en brûnzen medaljes winne. Nei 1972 hold Verkerk op en gie Schenk profesjoneel reedriden en wie it paad frij foar Claeson om foar it goud te gean. Yn 1973 waard er Europeesk- en wrâldkampioen allround en in jier letterkoe er syn Europeeske titel prolongearje.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 39,215 jannewaris 1972 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.20,23 maart 1971 Notodden sportplass, Notodden1500 meter2.00,117 jannewaris 1971 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell3 km4.17,4710 jannewaris 1935 Pista Fiames, Cortina d'Ampezzo5 km7.17,01 maart 1969 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km15.18,714 febrewaris 1971 Ruddalens idrottsplats, Göteborg

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKsprint OlympyskeSpullen 1968 1500 m, 20ste1969 19706e5e19714e15e19727e7e18e1500 m, 5 km, 4e10 km, 6e19738ste197419e197511e11e

Kategory:Sweedsk reedrider Kategory:Sweedsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1945