Dag Fornæss (Hamar, 30 juny 1948) is in earder Noarsk reedrider.

Fornæss hie in koarte karriêre. Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en ien kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1972) en stie yn 1970 ien kear oan de start by it WK sprint. Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen en twa kear Europeesk kampioen. Hy waard ek trije kear Noarsk allround kampioen.

Yn 1972 die Fornaess mei oan de Olympyske Spullen yn Sapporo, mar mei mindere resultaten fanwegen in ljiskblessuere dy't er oprûn hie by it Noarske sprintkampioenskip earder dat jier. Oan de ein fan it seizoen krige er in oanbod om mei te dwaan oan de nij op te setten profesjonele reedrydkompetysje, mar dit oanbod sloech er ôf en hold op mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 39,115 jannewaris 1972 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.20,63 maart 1971 Notodden sportplass, Notodden1500 meter2.01,9823 jannewaris 1972 Eisstadion Davos, Davos3 km4.17,428 jannewaris 1968 Pista Fiames, Cortina d'Ampezzo5 km7.20,64 maart 1972 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km15.23,82 maart 1969 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKsprint OlympyskeSpullen 1969 19705e10e19714e 19725e 1000 m,13e1500 m, 13e

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1948