Total Recall is in Amerikaanske satiryske science fiction-spionaazje-aksjefilm út 1990 fan 'e Nederlânske regisseur Paul Verhoeven, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Sharon Stone en Rachel Ticotin. De titel betsjut safolle as dat men jin alles wer folslein tebinnenbringe kin. De film is loskes basearre op it koarte ferhaal We Can Remember It for You Whosesale, fan Philip K. Dick. It ferhaal, dat yn in dystopyske takomst spilet, folget boufakker Doug Quaid, dy't op in stuit ûntdekt dat syn libben neat oars is as in rige keunstmjittich ymplantearre oantinkens. Hy moat nei de troch de minskheid kolonisearre planeet Mars ta om út te finen wa't er wier is. Mar is wat er no ûnderfynt eins wol echt? Total Recall wie doedestiden ien fan 'e djoerste films ea makke. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. Yn 2012 waard ûnder deselde titel in remake makke.
Plot Yn it jier 2084 hat boufakker Doug Quaid nuveraardige nachtmerjes oer de planeet Mars en in mysterieuze, brúnhierrige frou dy't er dêre moetet. It ferfollet him fan in ûnbetwingbere langst om op fakânsje te gean nei de minsklike koloanjes op Mars, ek al wol syn blonde frou Lori neat fan 'e Reade Planeet witte. Mei troch it feit dat Mars, dêr't de ûnmeilydsume gûverneur Vilos Cohaagen op bloedige wize in rebûlje de kop besiket yn te drukken, op 't heden allegedueringen yn it nijs is, slagget it Quaid lykwols mar net om it idee fan in fakânsje dêrhinne him ôf te setten. As er in reklamespotsje sjocht foar Rekall, in bedriuw dat falske oantinkens oan fakânsjes ymplantearret yn it ûnthâld fan lju dy't sa'n fakânsje net betelje kinne, beslút er sels oantinkens oan in fakânsje op Mars ymplantearje te litten, ek al riedt syn kollega Harry him dat ôf.
By Rekall lit Quaid him troch de glêde ferkeaper Bob McClane oanprate om foar wat ekstra jild syn fakânsje-oantinkens noch bysûnderder te meitsjen troch net nei Mars te gean as Doug Quaid de boufakker, mar as Doug Quaid de geheim agint. By it ymplantearjen fan 'e oantinkens stjit dokter Renata Lull lykwols op in blokkade yn Quaid syn ûnthâld dy't derop wiist dat er echt in geheim agint op Mars west hat en dat der al earder mei syn oantinkens omknoeid is. Dêrtroch rint de ymplantaasje fan 'e nije oantinkens hielendal mis: Quaid wurdt wekker, giet troch it lint en moat platspuite wurde. McClane en Lull beslute om alle oantinkens fan Quaid oan syn besyk oan Rekall út te wiskjen, syn jild werom te stoarten op syn bankrekken en him yn in taksy te setten.
As Quaid letter yn in taksy wekker wurdt, kin er him net mear tebinnenbringe wat der bard is. Underweis nei hûs wurdt er lykwols troch syn kollega Harry en in fjouwertal oare mannen opwachte en meiskuord nei in stil plakje. Harry is derfan oertsjûge dat Quaid wol deeglik nei Rekall gien is en nije oantinkens ymplantearje litten hat, en hy seit dat Quaid him dêrtroch gjin oare kar litten hat as om him te deadzjen. Ynstee deadet Quaid yn in hommelse eksploazje fan geweld Harry en de oare fjouwer mannen. Neitiid is er skokt oer wat er dien hat. Hy giet nei hûs en fertelt Lori wat der foarfallen is. Wylst hy it bloed fan syn hannen wasket, skillet sy immen op. As Quaid wer út 'e badkeamer komt, wurdt er yn 'e dûnkere wenkeamer besketten troch in ûnbekende. Hy wit de skutter te oermasterjen en ûntdekt dat it Lori is.
As Quaid har befreget, fertelt Lori him dat harren houlik en syn hiele libben neat oars is as in rige falske oantinkens dy't inkele moannen lyn by him ymplantearre binne troch in ynljochtingetsjinst dy't bekend stiet as "it Buro". Sy is in spesjaal aginte fan it Buro dy't ynset is om him yn 'e rekken te hâlden. Se besiket him ôf te lieden mei seks, mar Quaid beseft dat se tiid rekke wol sadat oare aginten it appartemint berikke kinne. Hy slacht Lori bewusteleas en naait út. Neitiid wurdt er troch de pleatslike metro efterfolge troch in groep aginten û.l.f. Richter, de echte man fan Lori en in ûnderhearrige fan gûverneur Cohaagen. Dyselden skrilje net tebek foar grou geweld om Quaid te deadzjen.
Nei't er syn efterfolgers tydlik ôfskodde hat, siket Quaid beskûl yn in suterich hotel, dêr't er opskille wurdt troch in man dy't seit dat er op Mars mei Quaid gearwurke hat. Hy besoarget Quaid in koffer mei jild, ferfalske identiteitspapierren, ferskate gadgets en in fideoboadskip fan Quaid sels. Yn dy opname beweart Quaid dat syn echte namme Carl Hauser is en dat er foarhinne op Mars foar Cohaagen wurke. Nei't dêr yn in myn lykwols in bûtenierdsk artefakt opdold waard, rûn er oer nei de rebellen. Om't er mear as genôch geheime ynformaasje hat om Cohaagen ûnder fuotten te heljen, hat dyselde syn ûnthâld wiskje litten. Hy jout himsels ynstruksjes om in yn syn holle ymplantearre stjoerderke te ferwiderjen (sadat de aginten fan it Buro him net mear weromfine kinne) en nei Mars te reizgjen.
Nei syn oankomst op Mars fynt Quaid in bryfke fan himsels werom dat him nei in Melina ta stjoerd, in prostituee yn Venusville, de rôze buert fan 'e koloanje, dy't foar in oansjenlik part befolke wurdt troch lju dy't mutearre binne as gefolch fan fersmoarge lucht en minne beskerming tsjin ultrafiolette strieling. Hy moetet Benny, in swarte taksysjauffeur, dy't him nei syn bestimming bringt. Melina blykt de brunette út syn dreamen te wêzen, mar se leaut neat fan syn ferhaal dat syn ûnthâld wiske is. Se fermoedet ynstee dat er noch altyd foar Cohaagen wurket en bonsjoert him derút.
Werom yn syn hotelkeamer wurdt Quaid opsocht troch Lori en dokter Edgemar, de oprjochter fan Rekall, dy't bekend is út 'e reklamespotsjes foar it bedriuw. Bystien troch Lori besiket Edgemar Quaid derfan te oertsjûgjen dat er noch altyd yn 'e stoel by Rekall leit en dat al syn ûnderfinings sûnt syn besyk oan it bedriuw neat oars binne as ûnderdiel fan 'e ymplantearre fakânsje as geheim agint nei Mars, dy't er besteld hie. Mar, sa seit er, der is wat mis gien, en Quaid hat in "skizoïde embolisme" oprûn, as gefolch wêrfan't er no fêst kommen is te sitten yn syn eigen ymplantearre oantinkens en net mear wekker wurde kin. Hy en Lori binne by wize fan needmaatregel yn 'e fantasij fan Quaid trochkrongen. Syn iennichste hope om ea noch wekker te wurden is om in pil yn te nimmen dy't Edgemar him oerlanget. Quaid fertrout de boel net en set Edgemar in pistoal tsjin 'e holle oan. De man hâldt lykwols oan as kâld wetter en foeget der noch oan ta dat as Quaid de trekker oerhellet, dat inkeld foar himsels konsekwinsjes hawwe sil, mei't er dan nei syn wekker wurden opsletten wurde sil as in gefaarlike psychopaat.
Quaid lit him beprate en stoppet de pil yn 'e mûle, mar sjocht dan dat Edgemar in switdrip by de holle del rûgelet. Dan beseft er dat alles echt is en dat Edgemar him stiet foar te ligen. Dêrop sjit er Edgemar dea en spuit de pil út. Fuort dêrop springe der in stikmannich trewanten fan Richter de keamer yn, slane him heal bewusteleas en pakke him op. As se steane te wachtsjen by de lift, wurde se lykwols oerfallen troch Melina, dy't de mannen allegear deasjit en dan yn gefjocht rekket mei Lori. Dy wurdt har oermânsk, mar foar't se Melina fermoardzje kin, komt Quaid by besleur en sjit hat dea. Tegearre ûntkomme Quaid en Melina oan Richter, dy't alhiel breinroer wurdt as er Lori dea weromfynt.
Yn 'e taksy fan Benny, dy't sadwaande yn harren saken behelle rekket, flechtsje Quaid en Melina werom nei Venusville, dêr't se yn it bordeel dêr't Melina wurket, mei syn trijen ferburgen wurde yn in geheime gong. As Richter en syn mannen harren efternei komme en de bewenners fan Venusville him net fertelle wolle wêr't de flechtlingen bedarre binne, begjint er om him hinne te sjitten. De bewenners fan Venusville sjitte werom en der brekt in wapene treffen út. Cohaagen oarderet Richter om him mei syn mannen út Venusville werom te lûken, wêrnei't er de luchttafier nei Venusville ôfslút, sadat de bewenners fan dat diel fan 'e minsklike koloanje stikke sille as harren lucht oprekket.
Underwilens witte Quaid en Melina mei Benny op sleeptou fia in stelsel fan geheime gongen in basis fan 'e rebellen te berikken. Quaid komt dêr yn 'e kunde mei harren lieder, de mutant Kuato, dy't in mar heal ûntwikkele part fan in Siameeske twilling is en fêstgroeid sit oan 'e búk fan syn broer George. De paranormaal bejeftige Kuato lêst de tinzen fan Quaid en dolt yn dy syn ûnthâld in oantinken op oan in petear mei Cohaagen en Richter oer it bûtenierdske artefakt dat yn ien fan 'e minen oantroffen is. It blyk om in soarte fan fabryk fan reuseftige proporsjes te gean, dêr't Kuato it doel fan oan 'e weet wit te kommen út 'e wurden fan Cohaagen-en-dy. De moeting wurdt rou fersteurd as de troepen fan Cohaagen de rebellebasis binnenkringe en de measte opstannelingen deadzje. Melina en Benny komme de keamer binnen dêr't Quaid en George har weromlutsen hiene. Melina har bedoeling is om harren te warskôgjen, mar Benny, dy't in ynformant fan Cohaagen blykt te wêzen, sjit George dea. Kuato, dy't stjerrende is om't er net selsstannich libje kin, flústeret Quaid noch ta om 'e reäktor fan it bûtenierdske fabryk yn wurking te stellen, foar't ek hy deasketten wurdt.
Quaid en Melina wurde by Cohaagen brocht, dy't Quaid in twadde fideo fan himsels as Hauser sjen lit. Dêryn leit Hauser út dat er nea oerrûn is nei de rebellen, mar inkeld bearde dat er dat dien hie. Hy fertelt ek dat er syn ûnthâld blokkearje litten hat yn oerlis mei Cohaagen, sadat de psychyske krêften fan Kuato de rebellelieder net helpe koene om oan it ljocht te bringen dat syn organisaasje ynfiltrearre wie troch in agint fan Cohaagen. Tanksij Quaid is no mei de hiele rebellegroep ôfweefd. As Melina poerrazen reägearret, seit Cohaagen tsjin har dat se it Quaid net kwea-ôf nimme moat, om't dy nearne fan ôfwist: dat wie no krekt it punt dêr't it om gie. Cohaagen wol no Hauser syn ûnthâld werom jaan, sadat er syn rjochterhân weromhawwe sil. Melina wol er werprogrammearje litte as in hearrige seksslavinne foar Hauser.
Cohaagen en Hauser hawwe mei harren snoade plannen lykwols mei ien ding gjin rekken holden: Quaid beslút dat er syn ûnthâld hielendal net weromhawwe wol, om't er syn âlde sels Hauser in aaklike rotsak fynt. Hy brekt los en deadet de technisy fan 'e werprogrammearingsynstallaasje. Tegearre mei Melina ûntsnapt er nei de myn dêr't it bûtenierdske fabryk fûn is. Underweis besiket Benny harren te fermoardzjen mei in reuseftige ridende boarmasine, mar Quaid deadet ynstee Benny sels troch mei in drilboar troch de kabine fan it wurktúch en dêrnei troch Benny syn lichem hinne te boarjen. Yn it bûtenierdske fabryk wurde Quaid en Melina opwachte troch Richter en syn mannen, mar se ferslane harren mei ien fan 'e gadgets út 'e koffer dy't Quaid op 'e Ierde taspile wie (op befel fan Cohaagen, sa wit er no). As lêste weeft Quaid mei Richter sels ôf, dy't er út in lift smyt.
As Quaid einlings en te'n lêsten de kontrôlekeamer fan it fabryk berikt, docht bliken dat Cohaagen him dêr opwachtet mei in bom. Hy beweart dat it opstarten fan 'e bûtenierdske reäktor alle bewenners fan Mars de dea dwaan soe, mar Quaid, dy't leaut dat it fabryk Mars in atmosfear mei lucht jaan soe, ornearret dat de gûverneur gewoan it monopoalje op 'e distribúsje fan lucht net opjaan wol. As Melina de kontrôlekeamer berikt, sjit se Cohaagen del, mar hy wit dochs de timer fan 'e bom oan te setten. Quaid smyt de bom yn in tunnel, mar de ûntploffing feroarsaket in gat yn 'e rots nei bûten ta, wat ta in eksplosive dekompresje fan it fabryk liedt as alle lucht nei bûten sa sûgd wurdt. Quaid huft Cohaagen oan 'e kant, dy't dêrtroch nei bûten ta blaasd wurdt, om yn 'e Martiaanske bûtenlucht te stikken dat er it bestjert. It slagget Quaid en stel de reäktor yn wurking foar't ek hysels en Melina nei bûten ta sûgd wurde.