Gunda Niemann-Stirnemann berne as Gunda Kleemann (Sondershausen, 7 septimber 1966) is in earder Dútsk reedrydster. Berne yn it doetiidske East-Dútslân kaam se oant 1990 út foar East-Dútslân. Gunda Niemann is de mem fan reedrydster Victoria Stirnemann.

Niemann waard njoggentjin kear wrâldkampioen, acht kear Europeesk kampioen en trije kear olympysk kampioen. Se begûn har ynternasjonale reedryd karriêre yn novimber 1987 as 21-jierrige by de World Cup yn Berlyn. Se stie fuortendaliks op it poadium mei in twadde plak op de 3000 meter. Yn oktober 2005 beëinige Niemann har karriêre fanwegen in slepende rêchblessuere. De WK ôfstannen fan 2004 yn Seoel wiene har lêste wedstriden.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,346 febrewaris 1999 Vikingskipet, Hamar1000 meter1.20,5713 novimber 2000 Sportforum Hohenschönhausen, Berlyn1500 meter1.55,624 maart 2001 Olympic Oval, Calgary3 km4.00,2617 febrewaris 2001 Vikingskipet, Hamar5 km6.52,4410 maart 2001 Utah Olympic Oval, Salt Lake City10 km14.22,6027 maart 1994 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKôfstannen OlympyskeSpullen 1988 1500 m, 7e5 km, 7e1989 1990Diskwalifisearre 1991 1992 1500 m, 3 km, 5 km, 19936e 1994 1500 m, 3 km, Diskwalifisearre5 km, 1995 19963 km, 19971500 m, 3 km, 5 km, 1998 1500 m, 3 km, 5 km, 1500 m, 3 km, 5 km, 19994e1500 m, 3 km, 5 km, 20003 km, 5 km, 2001Diskwalifisearre3 km, 5 km, 2004 3 km, 5e5 km, 4e

Kategory:Dútsk reedrider Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1966