Michael Staksrud (Gran, 2 juny 1908 - Gjersjøen (mar) Akershus, 10 novimber 1940) wie in Noarsk reedrider.
Hy die trettjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan deOlympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear wrâldkampioen en twa kear Europeesk kampioen.
Yn de hjerst fan 1940, in heal jier nei de Dútske ynfal yn Noarwegen, waard er dea fûn yn in wek yn it Gjersjøen, in mar yn de Noarske regio Akershus. De omstannichheden dêr't er by weirekke, binne nea hielendal dúdlik wurden. Syn broer Paul, dy't derby wie doe't er fûn waard, waard yn 1945 deasketten. Ek oer syn ferstjerren besteane ûndúdlikheden.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,830 jannewaris 1937 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.32,33 febrewaris 1929 Hamar stadion, Hamar1500 meter2.14,429 jannewaris 1939 Eisstadion Davos, Davos3 km4.55,230 jannewaris 1937 Eisstadion Davos, Davos5 km8.19,94 febrewaris 1933 Hamar stadion, Hamar10 km17.23,25 febrewaris 1928 Eisstadion Davos, Davos
Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 19278e6e19289e5e5 km, 7e1929 19301932 1500 m, 3e yn de heats,10 km, 6e yn de heats1933 193417e1935 1936 4e5 km, 9e,10 km, 10e193719387e5e1940 6e
Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1940