Arnold Clas Robert Thunberg (Helsinki, 5 april 1893 - Helsinki, 28 april 1973) wie in Finsk reedrider. Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Thunberg ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.
Clas Thunberg, dy't ta de Finlânsweedske minderheid hearde, begûn pas op lettere leeftiid mei reedriden. Nei in wat wyld libben mei smoken en drank konsintrearre er him no folslein op syn sport. Pas mei 28 jier behelle er syn earste titel by it Europeesk kampioenskip allround yn 1922. Dêrnei hearde er tsien jier lang by de bêste reedriders fan de wrâld.
Doe't er foar it earst meidie oan de Olympyske Winterspullen, Chamonix 1924, wûn Thunberg op alle ôfstannen in medalje, trije gouden medaljes (1500 en 5000 meter en allround), ien sulveren (10.000 meter) en ien brûnzen medalje (500 meter). De Finske reedrider is sadwaande de iennige Olympyske allround kampioen yn de skiednis oant no ta, om't dy dissipline oant hjoed-de-dei allinne by dizze edysje op it programma stien hat. Fjouwer jier letter by syn twadde dielname oan de Olympyske Winterspelen, Sankt Moritz 1928, wûn Thunberg goud op de 500 en 1500 meter.
Trochdat by de Olympyske Winterspullen fan 1932 yn Lake Placid de reedrydôfstannen ferriden waarden op Amerikaanske wize mei in massastart, bleaune in soad Europeeske reedriders út ûnfrede oer dy wize fan wedstriidreedriden thús, sa ek Clas Thunberg.
Njonken alle Olympyske poadium pleatsten grossierde Thunberg ek yn earemetaal by de allround kampioenskippen. Sa waard er fjouwer kear Europeesk kampioen en fiif kear wrâldkampioen allround. Mei it oantal fan fjouwer Europeeske titels stiet er tredde op de list fan measte titels by it EK allround. Mei de fiif wrâldtitels allround stiet Thunberg tegearre mei de Noarsk Oscar Mathisen op in dield twadde plak fan gouden medaljes op it WK. Clas Thunberg ferstoar op 28 april 1973, yn 'e aldens fan 80 jier.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,613 jannewaris 1931 Badrutts Park, Sankt Moritz1000 meter1.27,44 maart 1931 Bislett Stadion, Oslo1500 meter2.18,122 jannewaris 1930 Eisstadion Davos, Davos3 km5.00,621 febrewaris 1933 Eisstadion Davos, Davos5 km8.32,64 febrewaris 1928 Eisstadion Davos, Davos10 km17.34,85 febrewaris 1928 Eisstadion Davos, Davos
Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1922 19231924 500 m, 1500 m, 5 km, 10 km, Allround, 1925 19271928500 m, 1500 m, 5 km, 12e192919311932 1933 6e 193415e14e193511e18e
Kategory:Finsk reedrider Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1973