Inga Grigorjevna Artamonova (Moskou, 29 augustus 1936 - Moskou, 4 jannewaris 1966) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny. Se wie ek wol bekend ûnder har troude namme Inga Voronina en Inga Voronina-Artamonova. Artamonova begûn as jong famke mei roeien, yn dizze sport waard se kampioene fan de Sovjetuny by de junioaren. Letter begûn se mei it langebaanriden. Artamonova waard Wrâldkampioene yn 1957, 1958 en 1962, waard yn 1963 en 1964 twadde en helle har fjirde wrâldtitel yn 1965. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen.

Artamonova wie boaske mei reedrider Gennady Voronin, hy waard ek har trainer, mar rekke slim oan de drank. Gennady wie hiel jaloersk op de suksessen fan syn frou en doe't Inga yn desimber 1965 oanjûn hie by Gennady wei te wollen nei meardere kearen troch him tamtearre te wêzen, waard sy begjin jannewaris 1966 troch har man fermoarde. Inga Artamonova 29 jier âld, waard begroeven op it Vagan'kovskoye begraafplak yn Moskou.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter44,927 jannewaris 1962 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.32,827 jannewaris 1964 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.19,027 jannewaris 1962 Medeo, Alma-Ata3 km5.05,515 maart 1964 Dinamo Stadion, Kirov5 km10.04,822 maart 1955 Dinamo Stadion, Kirov

Resultaten jier WKAllround1957 1958 1959 4e1961 10e1962 1963 1964 1965

Kategory:Russysk reedrider Kategory:Persoan berne yn 1936 Kategory:Persoan stoarn yn 1966