Ivar Eriksen Ballangrud (Lunner, 7 maart 1904 - Trondheim,1 juny 1969) wie in Noarsk reedrider. Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Ballangrud ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.

Hy die trettjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, njoggen kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, fjouwer kear Europeesk kampioen en fjouwer kear Olympyske kampioen. Hy waard ek fiif kear Noarsk allround kampioen.

Hy wist trije titels te winnen op de Winterspullen fan 1936 yn Garmisch-Partenkirchen: opfallend genocht wûn er njonken de 5 kilometer en 10 kilometer ek de 500 meter. Syn earste gouden medalje wûn hy al acht jier earder op de 5 kilometer op de Winterspullen fan 1928. Fierders wûn Ballangrud brûns op de 1500 meter yn 1928 en in sulveren medalje op de 10 kilometer op de Winterspullen fan 1932. Hy soe in favoryt foar in titel ûnder de Spullen fan 1932 yn Lake Placid west ha as de wedstriden op de normale wize tsjin de klok hâlden wiene en net op de Amerikaanske wize mei alle dielnimmers tagelyk op de baan.

Njonken syn fiif offisjele wrâldrekôrs wist er yn in testwedstriid foar de Olympyske Spullen yn 1932 in 10 kilometer ôf te lizzen yn 16.46,4. Dat wie 31 sekonden rapper as it wrâldrekôr op dat stuit. Syn tiid bleau de rapste tiid oer 10 kilometer foar mear as 20 jier oant Hjalmar Andersen de tiid lang om let ferbettere. Ivar Ballangrud ferstoar op 1 juny 1969, yn 'e âldens fan 65 jier.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,731 jannewaris 1939 Badrutts Park, Sankt Moritz1000 meter1.29,324 febrewaris 1937 Frognerstadion, Oslo1500 meter2.14,029 jannewaris 1939 Eisstadion Davos, Davos3 km4.49,629 jannewaris 1935 Eisstadion Davos, Davos5 km8.17,218 jannewaris 1936 Frognerstadion, Oslo10 km17.14,46 febrewaris 1938 Eisstadion Davos, Davos

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 19246e 5e1926 1927 19284e1500 m, 5 km, 192919301931 1932 1500 m, 3e yn de heats5 km, 5e10 km 193319344e1935 1936500 m, 1500 m, 5 km, 10 km 19381939 4e

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1969