Bridge over Troubled Water is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album mei deselde namme fan Simon & Garfunkel út 1970. Bridge over Troubled Water wie it earste nûmer op it album en waard op 20 jannewaris 1970 útbrocht as twadde single fan it album.

Oer it nûmer Bridge over Troubled Water waard skreaun troch Paul Simon. De tekst wie ûntliend oan it liet Mary Don 't You Weep fan Swan Silverstones en dan benammen de sin I'll be your bridge over deep water if you trust in me. De opnamen woene net echt flotte troch gesoademiter tusken Garfunkel en Simon. De earste twa pogingen faalden en toetsenist Larry Knechtel wie fjouwer dagen dwaande mei it arranzjemint. It die bliken dat alle pogingen net om 'e nocht west hiene, út de ferskate prizen dy't hja mei it liet wûn.

Muzikanten Paul Simon - Sang & Gitaar Art Garfunkel - Sang

Gastmuzikanten Joe Osborn - Bas Jimmie Haskell en Ernie Freeman - Strings Gary Coleman - Fibrafoan Larry Knechtel - Toetsen Hal Blaine - Drums & Perkusje

Kategory:Muzikaal wurk fan Simon & Garfunkel Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1970 Kategory:Folksferske