Cecilia is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. Cecilia wie it tredde nûmer op it album en waard op 20 april 1970 útbrocht as tredde single fan it album.
Oer it nûmer Cecilia waard skreaun troch Paul Simon, en ûntstie nei in feest dêr't Simon en Art Garfunkel oanwêzich west hiene. De rigel makking love in the afternoon wie ien fan de meast eksplisite teksten dy 't Simon oant dan ta skreaun hie. De tekst fan it nûmer giet oer in man waans beminde him sawol eangst as gejubel jout; sa leit der in oare man njonken syn leafste op bêd wylst er syn gesicht oan it waskjen is.
Muzikanten Paul Simon - Sang & Gitaar Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten Joe Osborn - Bas Jimmie Haskell en Ernie Freeman - Strings Gary Coleman - Fibrafoan Larry Knechtel - Toetsen Hal Blaine - Drums & Perkusje
Kategory:Muzikaal wurk fan Simon & Garfunkel Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1970 Kategory:Folksferske