The Sound of Silence is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn maart 1964 yn de Columbia Studio's yn New York en útbrocht op it album Wednesday Morning, 3 A.M. fan Simon & Garfunkel út 1964. The Sound of Silence wie it sechsde nûmer op it album.

Oer it nûmer The Sound of Silence waard skreaun troch Paul Simon. De earste opname fan it nûmer sa as it útbrocht waard op it album Wednesday Morning, 3 A.M. wie makke mei allinnich mar akoestyske ynstruminten. Yn juny 1965 besleat producer Tom Wilson elektryske ynstruminten oan de akoestyske ferzje ta te heakjen. Op 15 juny 1965 naam er mei gitarist Al Gorgoni, bassist Bob Bushå en drummer Bobby Gregg it elektryske diel op. Dizze ferzje waard útbrocht op it album The Sound of Silence út 1966 en wie it earste nûmer op it album en waard yn septimber 1965 útbrocht as twadde single fan it album.

Muzikanten Paul Simon - Sang & Gitaar Art Garfunkel - Sang

Gastmuzikanten Al Gorgoni - gitaar Bob Bushå - bas Bobby Gregg - drums

Ferzje fan Disturbed

The Sound of Silence waard 50 jier nei't nûmer dat oarspronklik opnaam waard troch Simon & Garfunkel yn 2015 troch de Amerikaanske metalband Disturbed yn de The Hideout Recording Studio's yn Las Vegas opnei opnaam yn in hardrock jaske. En útbrocht op it album Immortalized fan Disturbed út 2015. The Sound of Silence wie it alfde nûmer op it album en waard op 16 april 2016 útbrocht as tredde single fan it album. nei't yn earst al yn oktober 2015 yn de Feriene Steaten útbrocht wie as single.

Muzikanten David Draiman - Sang Dan Donegan - Gitaar & Bas Mike Wengren - Drums, Perkusje en Pauken

Kategory:Muzikaal wurk fan Simon & Garfunkel Kategory:Muzikaal wurk fan Disturbed Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1965 Kategory:Single út 2016 Kategory:Folksferske Kategory:Hardrockliet