It stasjon Delfsyl (Dz) is it spoarstasjon fan de Grinslânske stêd Delfsyl en is it einstasjon oan it spoar fan Grins nei Delfsyl. It spoar rint lykwols fierder eastlik fan it stasjon, dochs is allinnich ornearre foar frachttreinen. It stasjon waard yn 1883 boud en iepene op 15 juny 1884. Treintsjinsten wurde fersoarge troch Arriva.

Bustsjinsten wurde troch Qbuzz ek fan it stasjon ôf fersoarge.

Gebou It stasjonsgebou is fan it Standerttype Snits. Dat type waard yn de 1880-er jierren brûkt foar it bouwen fan seis Nederlânske spoarstasjons. Dêr binne der noch trije fan oer: Delfsyl, Snits en Tiel. Likense gebouwen yn Appingedam, Gorkum en Warkum binne ûnderwilens sloopt.

Eartiids setten der op it stasjon ek treinen ôf fan it spoar fan Súdbroek nei Delfsyl (1910-1934) en fan it Woldjespoar dy't oer Duerswâld nei Grins rûn (1929-1941).

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 537700Stoptrein (Arriva)Grins – Stasjon Delfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Delfzijl Kategory:Delfsyl Kategory:Bouwurk yn Iemsdelta Kategory:Bouwurk út 1883