Artis Leon Ivey Jr. (Monessen, Pennsylvania, 1 augustus 1963 – Los Angeles, 28 septimber 2022), better bekend ûnder syn artistenamme Coolio, wie in Amerikaansk rapper, akteur en muzykprodusint. Hy waard by it grutte publyk bekend mei de hit Gangsta's Paradise, ôfkomstig fan de soundtrack fan de film Dangerous Minds. Coolio hat acht studio-albums útbrocht.

Karriêre Nei syn middelbere skoalle begûn Coolio mei syn karriêre yn de muzyk, mar hy moast hast direkt tydlik ophâlde fanwegen in ferslaving oan kokaïne. Nei 't er fan syn ferslaving ôf wie, wurke Coolio in skoft as brânwachtman, om yn 1994 werom te kommen yn de muzykbrânsj mei syn debútalbum It Takes a Thief.

Syn grutste sukses helle er yn 1995 mei Gangsta's Paradise, in rap skreaun op de melody fan Pastime Paradise fan Stevie Wonder. Troch de film Dangerous Minds kaam it nûmer wrâldwiid op nûmer 1 yn de hitlisten. Fan it nûmer waard troch Weird Al Yankovic in parody makke ûnder de titel Amish Paradise.

It album Gangsta's Paradise, kaam út yn 1996. It tredde album fan Coolio, My Soul út 1998 ferkocht minder goed as ferwachte. Coolio rjochte in eigen platelabel op en brocht yn 2002 in nij album út El Cool Magnifico.

Begjin 2004 die Coolio yn Dútslân mei oan de Comeback Show, wêrmei't er in nij platekontrakt probearre te krijen.

Priveelibben Coolio waard berne yn Monessen, Pennsylvania, de Feriene Steaten, mar groeide op yn Compton, Kalifornje. Hy kaam geregeld mei justysje yn oanrekking, ûnder oare yn Dútslân en de Feriene Steaten, en hat jierren problemen hân mei drugs. Coolio had seis bern en wie fan 1996 oan't en mei 2000 boaske mei Josefa Salinas. Coolio ferstoar op 28 septimber 2022 yn 'e âldens fan 59 jier oan in oerdoasis fentanyl.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesIt Takes a Thief19 july 1994Warner Bros.County Line,I Remember,Fantastic Voyage,Mama I'm in Love Wit' a GangstaGangsta's Paradise7 novimber 1995Gangsta's Paradise,Too Hot,1, 2, 3, 4 (Sumpin' New)My Soul26 augustus 1997C U When U Get There,Ooh La LaCoolio.com18 april 2001JVC VictorEl Cool Magnifico15 oktober 2002RivieraThe Return of the Gangsta16 oktober 2006HardwaxSteal Hear28 oktober 2008Super CoolGangsta WalkFrom the Bottom 2 the Top2 july 2009Subside

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opVery Best18 april 2001Fantastic Voyage: The Greatest Hits14 septimber 2001

Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk hiphopartyst‎ Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Grammy-winner Kategory:Persoan berne yn 1963 Kategory:Persoan stoarn yn 2022