Mrs. Robinson is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel op 2 febrewaris 1968 yn de Columbia Studio's yn New York en útbrocht op it album Bookends fan Simon & Garfunkel út 1968. Mrs. Robinson wie it tsiende nûmer op it album en waard op 5 april 1968 útbrocht as fjirde single fan it album.

Oer it nûmer Mrs. Robinson waard skreaun troch Paul Simon foar it lûdspoar fan The Graduate yn 1967. De haadpersoan yn de film, frou Robinson (spile troch Anne Bancroft), besiket it freontsje fan har dochter te ferlieden. It nûmer is sûnt 1968 noch in oantal kearen brûkt foar soundtracks, ûnder oare foar Forrest Gump. De singleferzje, útbrocht yn april 1968, is in wiidweidiger nûmer as de filmferzje (dêr't mar in pear kear it yn refrein te hearren is).

Muzikanten Paul Simon - Sang & Gitaar Art Garfunkel - Sang

Gastmuzikanten Larry Knechtel - Bas Hal Blaine - Drums & Konga's

Kategory:Muzikaal wurk fan Simon & Garfunkel Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1968 Kategory:Folksferske Kategory:Rockliet Kategory:Liet oer seksualiteit