El Cóndor Pasa is basearre op in Perûviaansk folksferske út de 18e iuw dat oer in oare fûgel giet. Soy la paloma que el nido perdió (Ik bin in do dy 't syn nêst ferlear) foarme de basis. De opera hie as tema de striid tusken de pleatslike befolking besteande út Yndianen en harren oerhearskers yn Cerro de Pasco. De beide fûgels steane foar de ûnberikbere frijheid. Sjoen it folkskarakter is de orizjinele tekst skreaun yn Quechua, de taal fan de Inka's. Der is pas sûnt 1933 copyright op de melody, want Robles fersomme it earder fêst te lizzen.
Ferzje fan Simon & Garfunkel
El Cóndor Pasa (If I Could) is in nûmer dat opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. Bridge over Troubled Water wie it twadde nûmer op it album en waard op 20 jannewaris 1970 útbrocht as fjirde en lêste single fan it album en wie ek de lêste single fan Simon & Garfunkel as Folkduo.
Oer it nûmer El Cóndor Pasa (If I Could) krige yn 1963 in enoarme set yn 'e rêch, doe 't de Argentynske groep Los Incas it opnaam foar in Philips-elpee titele Amérique du Sud, alhiel wijd oan de muzyk út Súd-Amearika. Paul Simon hearde it nûmer doe't er yn 1965 yn Parys in optreden fan Los Incas besocht. Dat ynspirearre him dêrnei om it nûmer ek op te nimmen en út te fieren. Dat lêste gie net sûnder slach of stjit. It ynstrumintale part is de basis fan de ferzje fan Los Incas, dêr't gjin tastimming foar frege waard. It ferskynde yn 1970 earst op it album Bridge oer Troubled Water en letter ek op single. Paul Simon skreau in nije tekst (If I Could) op de melody, lykwols sûnder de komponist op de platen en of hoezen te neamen. Wol wurdt foar de útfiering fan it duo faak de ferlinge titel El Condor Pasa (If I Could) neamd. De soan fan de komponist spande dêrom in rjochtsaak oan tsjin Simon & Garfunkel, dy hiene doe gjin benul dat de rjochten fan de melody fêst leine. Earder al, yn 1966, wie de melody brûkt yn Sur les chemins des Andes fan Marie Laforêt, foarsjoen fan in Frânske tekst.
Muzikanten Paul Simon - Sang & Gitaar Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten Fred Carter Jr. - Gitaar Pete Drake - Dobro & Pedal steel gitaar Joe Osborn - Bas Jimmie Haskell en Ernie Freeman - Strings Jon Faddis, Randy Brecker, Lew Soloff en Alan Rubin - HaFaBra-ynstrumenten Los Incas - Panfluit Larry Knechtel - Toetsen Hal Blaine - Drums
Kategory:Muzikaal wurk fan Simon & Garfunkel Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1913 Kategory:Single út 1970 Kategory:Folksferske Kategory:Kultuer yn Perû