Philippe Thys (Anderlecht, 8 oktober 1889 - Brussel, 16 jannewaris 1971) wie in Belgysk hurdfytser en wie de earste dy't it slagge en win trije kear de Omgong fan Frankryk.
Kariêrre Yn 1909 begûn Thys mei it fytsen fan wedstriden, yn 1911 wûn Thys it Circuit Française Peugeot, in wedstriid dy't doe fergelykber wie as de hjoeddeistige Omgong fan de Takomst. yn 1912 waard er profesjoneel hurdfytser. Yn 1913 en 1914 wist er twa kear de Omgong fan Frankryk te winnen nei 1914 wurdt syn karriêre damme troch de Earste Wrâldkriich. Nei de kriich wûn er yn 1920 foar de tredde kear de Omgong fan Frankryk. In rekôr dat stean bliuwe soe oant de Frânske hurdfytser Louison Bobet it rekôr yn 1955 benei kaam.
Njonken de Omgong fan Frankryk wûn Thys ek de Parys-Tours yn 1917 en 1918, de Omgong fan Lombardije yn 1918 en wie Belgysk kampioen fjildriden yn 1910. Yn 1921 wûn er it Criterium der Azen. Yn 1922 en 1923 skreau er syn namme op de earelist fan Parys-Lyon.
Nei syn karriêre op de fyts waard Thys garaazjehâlder, fytsehanneler en organisator fan autoreizen. Thys ferstoar op 16 jannewaris 1971 yn de âldens fan 81 jier.
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1912 - 6e; 1913 - 15px 1e; winner 13e etappe. 1914 - 15px 1e; winner 1e etappe. 1919 - Net finisht 1920 - 15px 1e; winner 2e, 9e, 12e en de 13e etappe. 1922 - 14e; winner 4e, 8e, 9e, 10e en de 15e etappe. 1924 - 11e; winner 3e en de 9e etappe.Philippe Thys en Theophile Beeckman waarden tegearre ta winner útroppen fan de 3e etappe. 1925 - Net finisht
Ploegen 1912-1918 - Peugeot-Wolber 1919-1921 - La Sportive 1921 - Pirelli 1922-1924 - Peugeot-Wolber 1925 - Automoto-Hutchinson 1927 - Opel-ZR III
Kategory:Belgysk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1971