De oblast Tjûmen (Russysk: Тюменская область, Tjûmenskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid fan Ruslân. De oblast falt ûnder it Federale Distrikt Oeral. Haadstêd is Tjûmen.
Geografy thumb|left|250px|De Irtysj yn 'e oblast Tjûmen De oblast is de iennige oblast fan it lân dat mei syn grins fan de súdlike lânsgrins mei Kazachstan oant de Noardlike Iissee de hiele breedte fan it lân oerspant. It is lykwols net it langste gebiet fan it lân: de kraj Krasnojarsk en de autonome republyk Sacha yn it easten oerspanne fan noard nei súd in gruttere ôfstân, mar ha gjin lânsgrins mei it bûtenlân.
Yn de oblast lizze de twa autonome distrikten Chanto-Mansje en Jamalo-Nenetsje.
Grutte rivieren binne de Irtysj en de Ob.
Sûnder de autonome distrikten hat de oblast in oerflak fan 161.800 km², mei de autonome distrikten is it mei in oerflak fan 1.435.200 km² ite op twa nei grutste bestjoerlike dielgebiet fan it lân .
Skiednis thumb|left|250px|Kremlyn fan Tobolsk De russyske kolonisaasje fan it gebiet sette tsjin it ein fan 'e 16e iuw útien. De stêd Tobolsk wie foar in skoft sels de haadstêd Sibearje. De oblast Tjûmen waard op 14 augustus 1944 út dielen fan de oblasten Omsk en Koergan stifte.
Ekonomy Belangrike sektoaren binne de petrogemyske yndustry, de houtferwurking en de masjinebou. Fanwegen it foarkommen fan in soad ierdgas en ierdoalje falt it gebiet ûnder de rykste dielen fan Ruslân. Ynklusyf de autonome gebieten hat de oblast sels it heechste regionale BYP de ynwenner fan alle gebieten fan Ruslân.
Opdield nei de ferskillede dielen docht de oblast Tjûmen it hiel goed, mar wurdt troch de twa autonome distrikten oertroffen, fral troch Chanto-Mansje.
Bestjoerlike yndieling en stêden thumb|260px|Regearingsgebou oblast Tjûmen De oblast Tjumen is yn 22 rajons ûnderferdield en fiif stedsdistrikten. De fiif stêden foarmje de stedsdistrikten. Grutste stêden binne Tjûmen, Tobolsk en Isjim. + Grutte stêden Stêd Namme Wapen Ynwenners Lokaasje Isjim Ишим 64.010 40px Jalûtorovsk Ялуторовск 39.947 40px Savodoukovsk Заводоуковск 26.477 40px Tjûmen Тюмень 828.600 50px Tobolsk Тобольск 98.772 40px
Befolkingsferrin Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 943.000 991.000 1.092.126 1.406.101 1.885.184 3.097.657 3.264.841 3.806.505
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1944