Louis (Louison) Bobet (Saint-Méen-le-Grand, 12 maart 1925 - Biarritz, 13 maart 1983) wie in Frânsk hurdfytser en en wie trije kear winner fan de Omgong fan Frankryk. "Louison" betsjút sa ûngefear "Louis soan fan Louis" as "Lytse Louis".
Karriêre Bobet wûn trije kear op rige de Omgong fan Frankryk: yn 1953, 1954 en 1955. Hy kaam hjirmei it rekôr fan de Belgyske hurdfytser Philippe Thys út de jierren 20 benei.
Yn 1950 en 1951 waard Bobet twa kear Frânsk kampioen op 'e dyk. Hy wûn ek ferskate klassikers; yn 1951 Milaan-San Remo en de Omgong fan Lombardije, yn 1955 de Omgong fan Flaanderen en yn 1956 Parys-Roubaix. Yn lêstneamde koers wie er yn 1951 alris twadde wurden efter de Italjaanske hurdfytser Antonio Bevilacqua.
Yn 1954 waard Bobet wrâldkampioen op 'e dyk. Yn 1957 en 1958 wie hy ek ticht by de wrâldtitel, mar waard hy twadde efter respektyflik Rik Van Steenbergen (1957) en Ercole Baldini (1958).
Syn broer Jean wie ek in ferneamd hurdfytser. Tegearre wiene hja yn de hjerst fan 1960 belutsen by in slim autoûngelok, wêrby't hja beiden slim ferwûne rekken. It betsjutte de ein fan harren karriêre op 'e fyts. Louison Bobet iepene dêrnei in sûnenssintrum yn Quiberon.
Louison Bobet ferstoar Op 13 maart 1983, in dei nei syn 58ste jierdei, oan de gefolgen fan kanker.
Ritssluting Bobet lei oan de widze fan de fytstrui mei ritssluting. Koart nei't Bobet triomfantlik de finish oerried fan Milaan-San Remo yn 1951, waard er oerspield troch meiwurkers fan de Bottecchia ploeg, sjoernalisten en fans. Yn dy drokte slagge hy der net yn de knopen fan syn truike los te meitsjen om op azem te kommen. Frustrearre rôp Bobet oft se dêr gjin rits stekke koene. Syn klean leveransier Emilio De Marchi wie oanwêzich en hearde syn opmerking. Hy fûn dat bêst wol in goed idee en begûn mei de produksje fan fytstruien mei ritssluting. Toen Louison Bobet in de Tour wilde opgeven, dreigde een ploegmaat met een pak slaag
Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1947 - Net finisht; 1948 - 4e; winner 6e en de 12e etappe. 1949 - Net finisht; 1950 - 3e; winner 18e etappe. 1951 - 20ste; winner 17e etappe. 1953 - 15px 1e; winner 18e en de 20ste etappe. 1954 - 15px 1e; winner 2e, 18e en de 21ste etappe. 1955 - 15px 1e; winner 3e en de 11e etappe. 1958 - 7e; 1959 - Net finisht;
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 1956 - Net finisht;
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1951 - 7e; winner 17e etappe. 1957 - 2e; winner 15e etappe. 1958 - 4e;
Ploegen 1947-1949 - Stella 1949 - Bianchi 1950 - Stella 1950 - Guerra 1951 - Stella 1951 - Bottecchia 1952 - Stella 1952 - Tebag 1952 - Bottecchia 1953 - Stella 1953 - Bottecchia 1954 - Stella 1954 - Bottecchia 1955 - Mercier-A. Leducq 1956-1957 - Hutchinson 1957 - Velo Club Bustese 1958-1960 - Hutchinson 1961 - Ignis 1962 - Margnat-Paloma
Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 1983