Chiquitita is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 13 desimber 1978 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Chiquitita wie it achtste nûmer op it album en waard op 16 jannewaris 1979 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer Chiquitita waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. wat yn it Spaansk "lyts famke" betsjut. Is de earste single ôfkomstich fan it album Voulez-Vous. Der binne gâns iere ferzjes fan Chiquitita, wêrby't it wurktitels Kålsupare, Three Wise Guys, Chiquitita Angelina en In The Arms of Rosalita hie. In revisearre ferzje, mei ynfloeden fan it Simon & Garfunkel nûmer El Cóndor Pasa wurdt úteinlik opnaam yn desimber 1978 en útbrocht yn jannewaris 1979. Nei it sukses fan de Ingelske ferzje nimt ABBA Chiquitita ek yn it Spaansk op, nettsjinsteande it feit dat de band dizze taal hielendal net praat. Dêrom sjonge se it nûmer fonetysk yn.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1979 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Spaansktalich liet