Kylo Ren (de eigenkeazen namme fan Ben Solo) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is de wichtichste antagonist út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Hy waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Ben Solo is oarspronklik it ienlingsbern fan Han Solo en Leia Organa en yn oplieding om Jedi te wurden, mar hy lit him troch opperste lieder Snoke ferliede ta de tsjustere kant fan de Krêft. Neitiid wurdt er ûnder de namme Kylo Ren in Sith-ridder en ien fan 'e oanfierders fan 'e faksistyske en diktatoriale Earste Oarder. Hy is ek de master fan 'e Ridders fan Ren, in groepke fan seis oare eardere Jedi-learlingen dy't er mei oerbrocht hat nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. It personaazje fan Kylo Ren waard yn alle trije films fertolke troch Adam Driver, dy't foar syn rol yn The Force Awakens in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur wûn en foar deselde priis nominearre waard foar syn rol yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.

Eftergrûn De namme fan it personaazje Kylo Ren waard pas tige let yn 'e produksje bekendmakke; foartiid stie it inkeld bekend as 'Jedi Killer'. It personaazje wie ferskate kearen folslein op 'e nij ûntwurpen. Ien fan 'e ôfwiisde ûntwerpen waard letter recycle foar it personaazje fan kaptein Phasma. Regisseur J.J. Abrams stie derop om Kylo in gesichtsbedekkend masker drage te litten, sadat er yndruk meitsje soe op jeugdige sjoggers.

Fiktive biografy Yn The Force Awakens Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Kylo Ren yntrodusearre as in maskere Sith-ridder. Hy is teffens de rjochterhân fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, dy't gearklofte is út 'e restanten fan it tritich jier earder fersleine Galaktysk Keizerryk. De gefaarlikste fijân fan 'e Earste Oarder is net de Nije Republyk, dy't foar it Keizerryk yn 't plak kommen is, mar it Ferset, in lytse ôfspjalting fan 'e striidkrêften fan 'e Nije Republyk ûnder lieding fan guon âlde helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch. De autoriteiten fan 'e Nije Republyk wegerje de Earste Oarder as in serieuze bedriging te sjen, mar it Ferset wit persiis wat de Earste Oarder ynhâldt, en is wisberet om 'e Oarder yn al syn doelen te dwerseidzjen. Dêrta hat it Ferset ferlet fan 'e stipe fan 'e weiwurden Luke Skywalker, de lêste Jedi, en sadwaande is de Earste Oarder der alles oan gelegen om Luke earst te finen en út 'e wei te romjen.

Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Poe Dameron, de bêste piloat fan it Ferset, in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan Luke Skywalker op fermeld stiet. Kylo arrivearret krekt te let om dy oerdracht tsjin te kearen, mar de stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma, dy't er by him hat, witte sawol Tekka as Dameron finzen te nimmen. Kylo fermoardet Tekka eigenhandich en jout opdracht om alle bewenners fan 'e delsetting út te rûgjen. Dameron nimt er mei werom nei syn stjerreslachskip, dêr't er de fersetsman oan marteling ûnderwerpe lit om derefter te kommen wêr't de ynformaasje bedarre is dy't er fan Tekka krigen hat. As Dameron lykwols neat sizze wol, brûkt Kylo de Krêft om 'e wierheid troch telepaty út syn tinzen gewaar te wurden. Sa ûntdekt er dat Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn bewarring jûn hat oan syn bolfoarmige robot BB-8, dy't oan 'e stoarmtroepers ûntkommen is. Kylo jout opdracht ta in yngeande syktocht op Jakku om 'e robot (en de ynformaasje) werom te finen.

Dameron ûntkomt letter út finzenskip troch de help fan 'e desertearjende stoarmtroeper Finn. Dy lêste wit noch wer letter yn 'e mande mei BB-8 en de rommelsykster Rey troch de fingers fan Kylo syn trewanten te glûpen. It trio jout him by Han Solo en dy syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca. Fan harren krije se te hearren dat Kylo Ren eins nimmen oars is as Ben Solo, de soan fan Solo en generaal Leia Organa, dy't oan it haad fan it Ferset stiet. As opslûpen jonge gie Ben yn oplieding ta Jedi-ridder ûnder syn omke oan memmekant, de Jedi-master Luke Skywalker. Hy liet him lykwols troch Snoke ferliede ta de tsjustere kant fan 'e Krêft, stiek de nije Jedi-timpel yn 'e brân, fermoarde de helte fan syn mei-learlingen en korrumpearre de oare helte, en joech him ûnder de namme Kylo Ren by de Earste Oarder. Luke rekkene himsels dat bot oan en gie yn selsopleine ballingskip.

Kylo is ûnderwilens weromkeard nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder. Dat is in planeet dy't omboud is ta in Deadsstjer-eftich massaferneatigingswapen, mar dan op folle gruttere skaal. As generaal Armitage Hux, de kommandant fan 'e basis, en Kylo foar in yn holografyske foarm oanwêzige opperste lieder Snoke komme moatte, befreget dyselde it fermogen fan Kylo om syn gefoelens oangeande syn heit lytsman te krijen, mar Kylo hâldt út dat Han Solo neat foar him betsjut. Hy pikt it spoar fan 'e flechtlingen wer op as in spionne fan 'e Earste Oarder, Bazine Netal, rapportearret dat se op 'e planeet Takodana oankommen binne by de kroech fan Maz Kanata.

Kylo reizget dêrhinne en lit syn TIE-jagers de kastielruïne dêr't de kroech fêstige is, mei de grûn lyk meitsje. Wylst syn stoarmtroepers Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 finzen nimme, fernimt Kylo sels in nije oanwêzigens yn 'e Krêft: Rey. Hy folget har it wâld yn en oermasteret har. As Poe Dameron in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset liedt, witte Solo-en-dy wer frij te kommen wylst de stoarmtroepers tebekwike moatte. Mei de Krêft is Kylo lykwols út Rey har geast gewaarwurden dat se de stjerrekaart sjoen hat dy't de Earste Oarder siket. Hy beslút dêrop dat se de robot net mear nedich binne en nimt by syn ôftocht ynstee de bewusteleaze Rey mei. As se letter werom binne yn 'e Stjerredeaderbasis, besiket Kylo har te ûnderfreegjen troch de Krêft te brûken, sa't er dat earder mei Dameron ek mei súkses dien hat, om sa de ynformaasje fan 'e stjerrekaart út har ûnthâld te stellen. Oars as Dameron wjerstiet Rey him lykwols. Sterker noch, se begjint sýn tinzen te lêzen, wat him bot ûntrêstget en boppedat ta it besef bringt dat Rey tige sterk yn 'e Krêft is. Kylo rapportearret syn befinings oan Snoke, dy't him opdracht jout it fanke by him te bringen. Underwilens hat Rey krektlyk ûntdutsen dat se de Krêft brûke kin en se ûntsnapt út har sel troch in ferstânstrúk yn te setten tsjin in stoarmtroeper dy't op wacht stiet.

It Ferset stelt prikken yn it wurk om 'e Stjerredeaderbasis te ferneatigjen foar't dy tsjin harren ynset wurde kin. Solo, Chewbacca en Finn ynfiltrearje de basis mei as twafâldich doel om Rey te rêden en om it enerzjyskyld út te setten, sadat de piloaten fan it Ferset de termale ossilator, it swakste punt fan 'e basis, bombardearje kinne. Foar't se op dizze misje ôfsette, seit Leia tsjin Solo dat er harren soan, as er dy sjen mocht, mei werom nei hûs nimme moat. Nei't se de Stjerredeaderbasis ynfiltrearre hawwe, sjocht Solo Kylo yndie omrinnen; hy giet him efternei en sprekt him oan op in brêge boppe in grutte, djippe skacht. Solo besiket syn soan oer te heljen de tsjustere kant fan 'e Krêft yn 'e steek te litten en mei him nei hûs te gean. Kylo seit dat er yn in freeslike twastriid stiet en freget syn heit om him te helpen ta in beslút te kommen. Solo seit dat er alles wol foar him dwaan wol. Dêrop trochboarret Kylo him mei syn ljochtsabel en betanket him foar syn help. Solo stekt de hân út en aait syn soan oer it gesicht foar't er dea fan 'e brêge trûdelet en yn 'e djipte falt.

Chewbacca, dy't it hiele spul út 'e fierte wei sjoen hat, ûntstekt by de dea fan syn freon yn in skriklike razernij. Hy sjit Kylo yn 'e heup, deadet ferskate stoarmtroepers en bringt dan de eksplosiven ta ûntploffing dy't Solo en hy earder oanbrocht hawwe. In grut part fan 'e basis wurdt dêrtroch danich skansearre, en troch dy skea slagget it Poe Dameron om 'e termale ossilator fan binnenút te ferneatigjen. Finn en Rey witte mar nauwerneed te ûntkommen nei it oerflak fan 'e planeet, dy't himsels útinoar begjint te skuorren troch de keatlingreäksje dy't Dameron yn wurking set hat. In ferwûne Kylo wachtet harren yn in wintersk nullewâld op en set har it paad ticht nei harren romteskip, de Millennium Falcon. Finn besiket him te befjochtsjen mei de ljochtsabel fan Luke Skywalker, dy't Maz Kanata him earder meijûn hat foar Rey, mar Kylo slacht him bewusteleas. As er de Krêft brûkt om 'e ljochtsabel ta him te roppen, fljocht it wapen him lykwols roerdelings foarby nei de hân fan Rey. Der ûntjout him in nij duël, wêrby't Rey op ûnbeholpen wize de Krêft brûkt om Kylo te ferslaan. Foar't se him deadwaan kin, wurde se lykwols faninoar skaat troch in tawiidzjende kleau yn it oerflak fan 'e him útinoar ritende planeet.

Generaal Hux rapportearret ûnderwilens de oansteande ferneatiging fan 'e basis oan opperste lieder Snoke, dy't him befellet om 'e basis te ûntromjen en Kylo Ren by him te bringen, sadat er syn training foltôgje kin.

Yn The Last Jedi Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) efterfolgje de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, nei de ûntromming fan 'e fersetsbasis op D'Qar, de flechtsjende romteskippen fan it Ferset troch de hyperromte. As beide floaten de reële romte wer ynkomme, set de Earste Oarder daliks de oanfal yn. Dêrby jout Kylo Ren lieding oan 'e TIE-jagers dy't in wraam dogge op it flaggeskip fan it Ferset, de kruser Raddus. As er troch de Krêft de oanwêzigens fan syn mem Leia oan board gewaarwurdt, wifelet er om op it skip te sjitten. De oare piloaten fan 'e Earste Oarder hawwe net sokke skrupules en iepenje it fjoer. De brêge fan 'e Raddus wurdt rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurdt de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, mar Leia wit troch manipulaasje fan 'e Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Underwilens is Rey nei de planeet Ahch-To reizge, dêr't Jedi-master Luke Skywalker yn selsopleine ballingskip libbet. Har besykjen om fan him help foar it Ferset los te krijen en in oplieding ta Jedi foar harsels, is yn 't earstoan omdôch. Uteinlik stimt Luke der lykwols yn ta om har trije lessen oer de Krêft te jaan. Nei de earste les blykt der in bân tusken Rey en Kylo te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen.

It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke. Doe slachte er by nacht de helte fan syn mei-learlingen ôf, helle de rest oer om mei him oer te gean nei de tsjustere kant fan 'e Kreft, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en weiwaard. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.