Shinzo Abe (Japansk: 安倍晋三, Abe Shinzō) (Nagato, 21 septimber 1954 – Kashihara, 8 july 2022) wie in Japansk politikus fan de Liberaal-Demokratyske Partij (LDP). Tusken 2006 en 2007 en tusken 2012 en 2020 wie er premier fan Japan. Abe wie de jongste Japanske premier en de earste dy't nei de Twadde Wrâldkriich berne waard. Hy waard sjoen as in konservatyf politikus.
Op 8 july 2022 waard er it slachtoffer fan in oanslach. Hy waard by it jaan fan in ferkiezings taspraak yn de stêd Nara delsketten troch in earder lid fan de Japanske Maritime Selsferdigeningstroepen mei in psychyske steurnis. Abe stoar in pear oeren nei de oanslach yn in sikehûs yn Kashihara.
Keppeling om utens Profyl op de offisjele webside fan de premier fan Japan
Kategory:Japansk politikus Kategory:Premier fan Japan Kategory:Japansk konservatyf Kategory:Japansk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach Kategory:Persoan berne yn 1954 Kategory:Persoan stoarn yn 2022