thumb|Frijheidsbeam yn Amsterdam De Atlas Van Stolk is in samling fan hast 250.000 printen Webside Atlas van Stolk. (argyf) op 9 novimber 2021., kaarten en tekeningen oer de skiednis fan Nederlân, ferneamd nei de grûnlizzer, Abraham van Stolk. De samling is foar in part te sjen yn de Bibleteek Rotterdam.
Skiednis Abraham van Stolk (1814–1896), in bekende Rotterdammer yn syn tiid, kaam út de famylje Van Stolk, in famylje fan ûnder oaren houthannelers, en stie in grut part fan syn libben oan it haad fan it famyljebedriuw. Hy wie beskermhear of earelid fan ferskate Rotterdamske ferieningen en majoarkommandant fan it Korps Koninklijke Scherpschutters."Bij het 25-jarig bestaan van het Korps Koninklijke Scherpschutters" yn Rotterdamsch Nieuwsblad d.d. 19 july 1894 Njonken al syn njonkenfunksjes naam er ek tiid foar syn leafhawwerij: it sammeljen fan histoarjeprinten, dêr't er yn 1835 mei útein sette.
Syn samling, dy't ek wol Atlas neamd wurdt, soe útwaakse ta ien fan de wichtichste en mânske kolleksjes histoarjeprinten fan Nederlân. De kolleksje wurdt noch hieltyd byhâlden en oanfolle. Geregeldwei jout de Atlas Van Stolk keunstners opdracht in wichtich histoarysk barren yn byld te bringen. De lêste kear dat dit barde wie yn 2004 fan de begraffenis fan prinses Juliana. In grut part fan de kolleksje is digitalisearre en fia ynternet tagonklik makke. Dy wurdt alle dagen útwreide.
Sûnt mids 2022 is de Atlas van Stolk romtlik en organisatoarysk ûnderbrocht yn de Bibleteek Rotterdam.Bibliotheek Rotterdam verwelkomt beeldcollectie Atlas Van Stolk. Yn: Website Atlas van Stolk (juny 2022)
Utstallingen De famylje Van Stolk hie foar in tentoanstelling yn 2000 in tal foarwerpen út it famylje-argyf yn brûklien jûn. Ut dat materiaal docht ûnder mear de sterke bân fan Abraham van Stolk mei kening Willem III bliken.
Keppeling om utens
Webstee Atlas Van Stolk
Kategory:Skiednis fan Nederlân Kategory:Samling