Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi is in Amerikaanske science fiction-film út 2017 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it achtste diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it direkte ferfolch op Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard regissearre troch Rian Johnson mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, Mark Hamill, John Boyega, Adam Driver en Oscar Isaac. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VIII – De Lêste Jedi".

De film giet fierder dêr't Star Wars: Episode VII – The Force Awakens einige. De Krêftgefoelige jonge frou Rey hat Luke Skywalker berikt, de lêste Jedi-master, en besiket him oer te heljen mei har werom te gean, yn 'e hope dat er it wifkjende Ferset nij fjoer jaan kin yn 'e striid tsjin 'e faksistoïde Earste Oarder. Skywalker is dêr lykwols net botte happich op. Underwilens binne de lêste leden fan it Ferset, ûnder wa Finn, Poe Dameron en generaal Leia Organa, op 'e flecht foar de float fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan Kylo Ren en generaal Hux. Finn en in monteur, Rose Tico betinke in riskant plan om 'e efterfolgers ôf te skodzjen.

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2017. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard nominearre foar fjouwer Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in trije Saturn Awards en fiif Empire Awards. It trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2019 yn 'e bioskopen ûnder de titel Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker. Nei har hommels ferstjerren yn desimber 2016 waard Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi opdroegen oan 'e neitins fan aktrise Carrie Fisher.

Plot Troch de ferdylging fan 'e Galaktyske Senaat en it regear en de float fan 'e Nije Republyk by de oanfal op Hosnian-Primus slacht de Earste Oarder no yn it Stjerrestelsel foar master op. Inkeld it minmachtige Ferset behinderet noch de folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel troch de Earste Oarder. Koart nei de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder (sjoch: Star Wars: Episode VII – The Force Awakens), jouwe generaal Leia Organa en admiraal Gial Ackbar lieding oan 'e ûntromming fan 'e basis fan it Ferset op 'e planeet D'Qar, mei't de lokaasje dêrfan no bekend is by de fijân. De evakuaasje ferkeart yn 'e lêste stadia as de float fan 'e Earste Oarder û.l.f. generaal Hux yn it planetestelsel arrivearret.

De lieding fan it Ferset jout opdracht ta in oanfal op 'e fijannige float troch X-wjukjagers en bommesmiters ûnder luitenant-kolonel Poe Dameron. Dat is bedoeld as in efterhoedegefjocht, dat de fijân ophâlde moat oant de lêste fersetssskippen it oerflak fan D'Qar ferlitten hawwe. Dameron sjocht lykwols in kâns om 'e Fulminatrix, in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder, te ferdylgjen, en negearret befellen om him werom te lûken troch de oanfal troch te setten. Dêrby geane op ien nei alle bommesmiters fan it Ferset ferlern. De lêste, it tastel fan piloate Paige Tico, rekket skansearre en kin inkeld de lading bommen útgoaie as Paige dat sels hânmjittich docht. Hja offeret harsels op; de oanfal slagget en it stjerreslachskip wurdt ferneatige, mar foar it Ferset is it in Pyrrusoerwinning, mei't de ferliezen dy't se lit hawwe net wer goed te meitsjen binne. Dameron wurdt neitiid troch Leia yn rang weromset ta kaptein.

De rest fan 'e fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder, dêr't him ûnderwilens de Supremasy by jûn hat, it reuseftige skip fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder. Kylo Ren, dy't de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder oanfiert by in oanfal op 'e fersetsfloat, wifelet om op it flaggeskip fan it Ferset, de kruser Raddus, te sjitten as er troch de Krêft de oanwêzigens fan syn mem Leia oan board gewaarwurdt. De oare piloaten fan 'e Earste Oarder hawwe net sokke skrupules en iepenje it fjoer. De brêge fan 'e Raddus wurdt rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurdt de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, mar Leia wit troch manipulaasje fan 'e Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Mei Leia bewusteleas yn 'e sikeboech en de oare lieders dea nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer it Ferset oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei in legere faasje as dy fan it ljocht, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.

Underwilens langet Rey op it rotseilantsje op 'e planeet Ahch-To, dêr't Luke Skywalker, de lêste Jedi, him weromlutsen hat, de ljochtsabel fan Luke syn heit Anakin oan him oer. Luke smyt it ding lykwols daliks fuort. Rey wol dat Luke mei har weromgiet om it Ferset nije hoop te jaan, mar Luke hat dêr gjin boadskip oan. Der is in reden dat er op it ûnfynberste plak yn it Stjerrestelsel yn selsopleine ballingskip gien is, sa hâldt er har foar, en dy reden is dat er wol dat men him gewurde lit. Rey jout lykwol gjin belies, mar sels tuskenkomst fan 'e Wookiee Chewbacca, dy't Rey mei de Millennium Falcon nei Ahch-To ta brocht hat, is net genôch om Luke fan miening feroarje te litten. Hy is wisberet om him nearne mear mei te bemuoien en fertelt Rey dat it tiid is foar de Jedi om út te stjerren.

As Luke op in nacht yn in nostalgyske bui de Millennium Falcon binnenglûpt om it tastel wer fan binnen te sjen, treft er dêr lykwols syn âlde robot R2-D2 oan. Luke jout him itselde beskie dat er oan Rey en Chewbacca jûn hat, mar R2-D2 spilet falsk troch foar him nochris it boadskip ôf te spyljen dat Leia hast 35 jier lyn oan Obi-Wan Kenobi stjoerde, wêryn't se him om help smeekte om't er de iennichste hope fan it Rebelleferbûn wêze soe. Dat set Luke oan om Rey trije lessen oer de wurking fan de Krêft te jaan. Underwilens blykt der in bân tusken Rey en Kylo Ren te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen. Fierders ûntdekt Rey op it eilantsje in reuseftige holle beam, dêr't de âldste geskriften fan 'e Jedi bewarre wurde.

Nei't se op minder as gâns ûnthjittende wize mei-inoar yn 'e kunde kommen binne, betinke âld-stoarmtroeper Finn en monteur Rose Tico, de jongere suster fan Paige, in plan om 'e Fersetsfloat te rêden. It apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, is inkeld op it flaggeskip fan opperste lieder Snoke oanwêzich. Finn wit it te finen, en Rose kin it útsette. Wat se misse, is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. In holografysk petear mei fersetssympatisante en horekaûndernimster Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Mei help fan Poe Dameron en luitenant Connix pike Finn en Rose mei Dameron syn robot BB-8 út by de float wei en sette troch de hyperromte koers nei Canto Bight.

It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo Ren ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke. Doe slachte er by nacht de helte fan syn mei-learlingen ôf, korrumpearre de rest, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en weiwaard. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen: troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean, en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.

Rey is derfan oertsjûge dat Kylo ferlost wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, dat se ferlit Ahch-To mei Chewbacca en R2-D2. Luke sjocht har ôfreis mei tige mingde gefoelens oan, mei't er yn Rey itselde ûnbidige potinsjeel foar manipulaasje fan 'e Krêft gewaarwurden is as er earder yn Kylo gewaar waard. Om foar iens en foar altyd skjin skip te meitsjen, risselwearret er om 'e oerâlde holle beam mei de âldste Jedi-geskriften te ferbaarnen, mar op it beslissende stuit wifket er. De geast fan syn âlde master Yoda ferskynt oan him en ferneatiget de beam troch it oproppen fan in wjerljochtynslach. Neitiid hat Yoda bot wille om Luke syn konsternaasje. Hy fiteret Luke oan om fan syn falen te learen.

Yn Canto Bight sette Finn, Rose en BB-8 harren romtefear op in iepenbier strân del, wat blykber tsjin eltse pleatslike regel yngiet. Se sykje alle kasino's ôf nei de koadebrekker mei de reade blom, mar krekt as se him einlings sjogge, wurde Finn en Rose troch de plysje mei stroomstjitwapens oermastere en foar foutparkearjen ôffierd nei it pleatslike tichthûs. Dêr wurde se yn ien sel set mei de hacker DJ, dy't oanbiedt harren koadebrekker te wêzen. Finn en Rose stegerje syn oanbod ôf, mar binne likegoed ûnder de yndruk as DJ himsels (en harren) muoiteleas út 'e sel lit. Se geane ferskillende kanten út, en DJ komt BB-8 tsjin, dy't op eigen manneboet in befrijingsaksje foar Finn en Rose op tou set hat. Finn en Rose besykje werom te gean nei it kasino, mar krije al rillegau de plysje wer efter harren oan. Mei de help fan in keppel fathiers, semy-yntelliginte racedieren dy't troch harren eigners mishannele wurde, en de minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Se wurde rêden troch DJ en BB-8, dy't tegearre in romteskip stellen hawwe.

Rey lit har troch Chewbacca yn in rêdingskapsule by de float fan 'e Earste Oarder ôfsette. Se wurdt troch Kylo Ren finzen nommen en foar opperste lieder Snoke brocht, dy't selsfoldien útleit dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't har geast mei dy fan Kylo ferbûn hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe. Fierders befreget Snoke Rey oer de lokaasje fan Luke, en hoewol't se him neat fertelle wol, wurdt er troch it gebrûk fan 'e Krêft de wierheid út har tinzen gewaar. Hy konkludearret dat Luke wol wachtsje kin oant er foargoed mei it Ferset ôfweefd hat. Dêrnei sil er Luke helpe om 'e Jedi útstjerre te litten troch syn eilantsje folslein oan grôt te bombardearjen.