De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France Femmes) is in hurdfytswedstriid fan meardere dagen foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy 't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch de ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.
Skiednis Yn 1955 waard foar ien kear in Omgong fan Frankryk foar froulju ferriden, dêr 't 41 fytsters oan meidiene. De wedstriid bestie út fiif etappen en waard wûn troch Millie Robinson.
Tour de France féminin & Tour de la CEE féminin Fan 1984 oant en mei 1989 waard de wedstriid ûnder de namme Tour de France féminin hâlden, op deselde dagen en oer itselde parkoers as de manlju. Direkteur Jean-Marie Leblanc besleat nei de wedstriid fan 1989 op te hâlden om't it neffens him ekonomysk net rendabel wie. De wedstriid waard fan 1990 ôf net mear gelyk mei de manlju ferriden en hjitte oant en mei 1993 Tour de la CEE féminin. Dêrnei hold de wedstriid op, om't der problemen wiene mei it oanlûken fan sponsoaren en gaststêden, wêrtroch't der faak lange ferpleatsingen wiene tusken de etappen.
Winners Tour de France féminin 1984-1989 Jier Winner Nasjonaliteit 1984 Marianne Martin 1985 Maria Canins 1986 Maria Canins 1987 Jeannie Longo 1988 Jeannie Longo 1989 Jeannie Longo
Winners Tour de la CEE féminin 1990-1993 Jier Winner Nasjonaliteit 1990 Catherine Marsal 1991 Astrid Schop 1992 Leontien van Moorsel 1993 Heidi Van De Vijver
Winners Tour cycliste féminin 1992-1997 Jier Winner Nasjonaliteit Ploech 1992 Leontien van Moorsel 1993 Leontien van Moorsel 1994 Valentina Polkhanova 1995 Fabiana Luperini GS Gelati Sanson 1996 Fabiana Luperini GS Gelati Sanson 1997 Fabiana Luperini GS Gelati Sanson
La Grande Boucle féminine Tagelyk waard fan 1992 ôf de Tour cycliste féminin yn augustus organisearre troch Pierre Boué], in konkurrint fan Société du Tour de France. Yn 1998 moast de wedstriid fan namme feroarje, omdat de namme tefolle like op de Omgong fan Frankryk en hjitte fan doe ôf La Grande Boucle féminine (nei La Grande Boucle, de bynamme fan de Omgong fan Frankryk). Mei troch de Festina-affêre by de manlju yn de Tour fan 1998 waard it oanlûken fan sponsors allinnich mar dreger. Yn 2004 waard de wedstriid net hâlden. Foarhinne telde de omgong tusken de 10 en 15 etappes, mar sûnt 2005 noch mar fiif (yn ien regio) en dêrtroch waard de Omgong net mear klassifisearre troch de UCI en krige it in benammen nasjonaal dielnimmersfjild. Yn 2008 telde de wedstriid sân etappes op seis dagen en yn 2009 bestie de lêste edysje noch út mar fjouwer etappes troch it annulearjen fan de earste trije etappes yn Bretagne. De winneres fan de lêste edysje, Emma Pooley, grapte dat it noch mar in Petite Boucle wie yn stee fan in Grande Boucle. Nei't de Tour de l'Aude in 2010 en de Route de France yn 2016 ophold te bestean, wie de Giro Donne de iennige oerbleaune Grutte Omgong foar froulju.
Winners La Grande Boucle féminine 1998-2009 Jier Winner Nasjonaliteit Ploech 1998 Edita Pučinskaitė 1999 Diana Žiliūtė Acca Due O 2000 Joane Somarriba Alfa Lum-RSM 2001 Joane Somarriba Alfa Lum-RSM 2002 Zinaida Stahurskaya USC Chirio Forno d'Asolo 2003 Joane Somarriba Bizkaia-Panda Software-Durango 1994 Omgong net organisearre 2005 Priska Doppmann Univega 2006 Nicole Cooke Univega 2007 Nicole Cooke Raleigh-Lifeforce 2008 Christiane Soeder Cervélo Testteam 2009 Emma Pooley Cervélo Testteam
La Course Nei in petysje fan Marianne Vos, Emma Pooley, Kathryn Bertine en Chrissie Wellington waard der op 27 july 2014, de lêste dei fan de Omgong fan Frankryk foar manlju, in wedstriid fan ien dei mei de namme Omgong fan Frankryk foar froulju yntrodusearre. Vos wûn de earste edysje. De earste trije jier waard riden op de Champs Élysées yn Parys. Yn 2017 en 2018 wie de wedstriid yn de Alpen, mei oankomst op respektyflik de Col d'Izoard en Le Grand-Bornand. Beide edysjes waarden wûn troch Annemiek van Vleuten. Yn 2019 wie Pau de gast stêd mei wer Vos as winneres. De lêste twa edysjes waarden ferriden by de start fan de Tour yn Nice en Bretagne. De lêste edysje yn 2021 waard wûn troch Demi Vollering.
Winners La Course 2014-2021 Jier Winner Nasjonaliteit Ploech 2014 Marianne Vos Rabo Liv Women 2015 Anna van der Breggen Rabo Liv Women 2016 Chloe Hosking Wiggle High5 2017 Annemiek van Vleuten Orica-Scott 2018 Annemiek van Vleuten Mitchelton-Scott 2019 Marianne Vos CCC-Liv 2020 Elizabeth Deignan Trek-Segafredo 2021 Demi Vollering SD Worx
Tour de France Femmes Op 12 maaie 2021 makke de ASO bekend dat der yn 2022 wer in Omgong fan Frankryk foar froulju wêze sil mei de namme Tour de France Femmes 2022. It definitive parkoers waard yn oktober 2021 bekend makke: de omgong sil acht dagen duorje, mei de start op de lêste dei foar de manlju op 24 july yn Parys en de slotrit finisht op La Planche des Belles Filles.
Tour de France Femmes yn sifers Jier Startplak Finishplak Taletappes Totaleôfstân Dielnimmers Utfallers 2022 Parys Planche des Belles Filles 8 1.033,6 km 144 35 2023 Clermont-Ferrand Pau 8 960,4 km 154 31 2024 Rotterdam Alpe d'Huez 8 946,3 km 153 39 2025 Vannes Châtel 9 1.175 km 154 30 2026 Lausanne Nice 9 1.165 km 154 27
Winners Tour de France Femmes Jier Winner Nasjonaliteit Ploech2022 Annemiek van VleutenMovistar2023 Demi VolleringSD Worx2024 Katarzyna NiewiadomaCanyon-SRAM2025 Pauline Ferrand-PrévotVisma–Lease a Bike2025 Demi VolleringFDJ United–Suez
Fryske Dielnimmers Tour de France Femmes Namme Jier(ren) Ploech Posysjealgemienklassemint(Giele Trui)Anouska Koster 2023 Uno X40 2026 175 Anneke Dijkstra 2025 VolkerWessels 103 2026 162
Kategory:Hurdfytsen
Kategory:Sportevenemint yn Frankryk Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1984 Kategory:Weromkearend evenemint opheft yn 1989 Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1990 Kategory:Weromkearend evenemint opheft yn 2009 Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2014 Kategory:Weromkearend evenemint opheft yn 2021 Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2022