Brouwerij Koningshert is in hierbrouwerij oan de Súdkade yn Drachten en is oprjochte yn 2015 troch Wilmer Woudwijk en Kees van der Heide. Skiednis De Drachtster brouwers bringe harren bieren op de merk ûnder de namme Koningshert en makken gebrûk fan de broufasiliteiten fan de Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk. It earste bier waard yn augustus 2015 op de merk brocht. Yn 2016 waard de namme fan de brouwerij wizige fan Drachtsterbrouwers nei Brouwerij Koningshert.

Hjoed Brouwerij Koningshert brout de bieren 't Swurd en 't Helmhout foar Skûtsjebier yn Wynjewâld. De brouwerij sit yn James’ Bistro & Bar yn Drachten.

Assortimint

Koningshert Weizen Cicho Amber Ale Botanic James' Witblond James' Dunkelweizen James' Porter Gingerbread Cookie Drachtster Weizen - spesjale edysje foar Keningsdei en Befrijingsdei Wichter Tripel Wichter Blond Wichie út 'e Wâlden Bieren yn gearwurking Vi-king of Frisia - 150 flessen fan 75 sl yn gearwurking mei Yesterday Brewing út Apeldoarn Hup Oranje broud foar it WK fuotbal yn gearwurking mei Het Brouwdok út Harns Bieren yn opdracht Gleone Tryn - swier donkerblond (broud foar it doarp Smelle Ie) De Lege Wâlden 100 Jier Jubileumbier - broud ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan it skûtsje De Lege Wâlden Gepaste Trots Zwaar Blond - makke foar PAS Mestopslagsystemen yn Drachten Gummy Deer IPA - colab mei Puik Bieren út Apeldoarn yn ferbân mei it 10-jierrich bestean fan beide brouwerijen Jubileumbier Double Mash Tripel - broud troch Het BrouwDOK yn Harns yn ferbân mei it 10-jierrich bestean fan de brouwerij De Oerrocker 2026 Edition - foar Oerrock yn Oerterp

Keppeling om utens

Webstek fan Brouwerij Koningshert

Koningshert Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2015 Kategory:Bedriuw yn Drachten